Harold P. Brown

Ut Wikipedy
Harold Pitney Brown (1895)
Old Sparky, de elektryske stoel dy't brûkt wurdt yn de Sing Sing finzenis

Harold Pitney Brown (Janesville, Wiskonsin, 16 septimber 1857Volusia, Floarida, 1944) wie de Amerikaanske útfiner fan de elektryske stoel.

Neidat er in haadartikel yn de New York Post skreaun hie oer in jongkeardel dy't dearekke doe't er in net isolearre telegraaftried mei wikselstroom oanrekke hie, waard er troch Thomas Edison ynhierd om te helpen by it ûntjaan fan de elektryske stoel.

Yn 1886 hie de steat New York in komitee oprjochte dy't bepale moast oft elektrisiteit in humaner foarm fan eksekúsje wie as ophinging. Omdat Edison op dat stuit yn in ferheftige konkurrinsjestriid mei George Westinghouse siet woe noch Edison, noch Westinghouse dat harren elektrysk systeem keazen wurde soe. Sy wiene benaud dat konsuminten itselde soarte elektisiteit yn 'e hûs hawwe woene dy't al brûkt waard foar it deadwaan fan misdiedigers.

Edison seach fuortendaliks dat er Brown goed brûke koe om wikselstroom yn diskeredyt te bringen troch te bewizen dat it wikselstroomprinsipe fan syn konkurrint folle gefaarliker wie as syn eigen lykstroomprinsipe. Dat hy ûntfong Brown mei in protte entûsjasme en wiisde him ta oan syn haadyngenieur Arthur Edwin Kennelly.

Om te bewizen dat eksekúsje mei wikselstroom de bêste metoade wie, deade Brown in hiele soad bisten, wêrûnder wylde hûnen, katten, hynders en sels in sirkusoaljefant (Topsy). De measte eksperiminten waarden útfierd yn Edisons laboratoarium yn West Orange, mar tegearre mei Edison die er it ek yn it iepenbier mei it each op de parse om te soargjen dat wikselstroom assosjearre waard mei elektrokúsje.

Meidat Edison perfoast woe dat de earste eksekúsje mei wikselstroom dien wurde soe, liet er Harold Brown yn it geheim wikselstroomgenerators fan Westinghouse yn de finzenis ynstallearje. Westinghouse hat noch besocht om fia de rjochter in ein te meitsjen oan dy foarm fan eksekúsje, door erop te wijzen dat elektrokúsje net altyd in flugge dea sonder pine fan gefolgen hat, mar syn berop waard ôfwiisd. Op 6 augustus 1890 waard William Kemmler mei de elektryske stoel (pynlik) deadien, meidat it earste besykjen mislearre en Kemmler pas - 17 sekonden letter - by de twadde stroomstjit stoar.

Priis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]