Harnzer Krante

Ut Wikipedy

De Harnzer Krante is de regionale krante fan Harns. Op 27 oktober 1852 ferskynde it earste nûmer fan de Harlinger Courant sa't de krante offisjeel hjit. Dat fûn útjouwer R. Klein ek tiid wurden om't yn Ljouwert, Snits en Frjentsjer ek al regionale kranten ferskynden en Harns mocht dêr neffens him net yn efterbliuwe. De krante ferskynt tsjintwurdich (2006) op tiisdei, woansdei (regio-edysje h.o.h.) en freed en is te krijen yn hiel Fryslân. Flevomedia B.V. is de printer fan de krante.

Oplage-spesifikaasje
Abonneminten 4135
Gratis ferspr. ab. krant 400
Losse ferkeap 415
Bewiisnûmers 50
Postabonneminten 1100
Totaal oplage 6000

Behalven yn Harns is de krante ek populêr op Flylân (449) en Skylge (1762).

Sûnt septimber 2004 bestiet de redaksje fan de Harnzer Krante út Jannes Bijlsma en Renate Huisman. Utjouwerij is Flevodruk Harns, dêr't Jurgen en Henry Drost de direksje fan foarmje. De fotografy wurdt meast fersoarge troch Maria van Sterkenburg en Ubbo Posthuma.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]