Harnzer Fiskerijdagen
De Harnzer Fiskerijdagen is in fjouwer dagen duorjend folksfeest foar jong en âld dat yn de stêd Harns fierd wurdt. Dêrby stiet it promoaten fan de stêd en syn fiskerij foarop. De fiskerijdagen wurde sûnt 1959 fierd. Yn har earste jierren duorre it feest ien dei mar dat is letter útwreide nei fjouwer. It feest rjochte him de ôfrûne jierren op alderlei kulturele en folkse eveneminten lykas muzyk, sang, dûns, fiskerij, sportive eveneminten, merke, merk, lânmacht, skiednis, keunst, animaasje ensfh.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Besikers
It feest is net allinnich foar de Harnzers sels, mar benammen foar de minsken fan bûten en foar âld-Harnzers. Bekend is dat besikers benammen út Fryslân komme, mar der komme ek guon út Drinte, Grinslân en West-Fryslân. Mei 170.000 besikers yn 2006 wienen de Fiskerijdagen it grutste feest fan Fryslân.
[bewurkje seksje] Sponsors
It feest hat mear as 70 sponsors, dêrûnder de Friesland Bank, Gemeente Harns, Horeka Harns, Keninklike Lânmacht, Keninklike Loftmacht, Keninklike Marine, tsientallen bedriuwen út Harns, Fryslân en Den Helder, ING.
[bewurkje seksje] Fiering lêste jierren
- 2007: 29 augustus oant en mei 1 septimber
- 2008: 27 oant en mei 30 augustus
- 2009: 26 oant en mei 29 augustus, in tige grut feest fanwege it fyftichjierrige bestean fan de Harnzer Fiskerijdagen.
- 2010: 25 oant en mei 28 augustus
- 2011: 24 oant en mei 27 augustus