Harm van der Meulen

Ut Wikipedy
Harm van der Meulen as CNV-foarsitter yn 1979

Harm van der Meulen (Castricum, 21 oktober 1925 - Utert, 20 oktober 2007) wie in Nederlânske (fakbûns)bestjoerder en politikus fan it CDA.

Fan 1938 oat 1942 folge hy yn Alkmaar de oplieding masinebankwurker oan de Legere Technyske Skoalle dêre. Letter die er in fakoplieding by de Stichting Bemetel en in kaderkursus fan it CNV.

Fan 1945 oant 1952 wie hy masinebankwurker yn IJmuiden by de Heechovens.

Fan 1953 oant 1986 hie er tal fan fakbûnsfunksjes by it CNV, earst yn it bestjoer fan it Kristlik Metaalbûn (1953-1965), dêrnei as distriktbestjoerder fan it Yndustrybûn CNV (1965-1973), dan as sekretaris fan it CNV (1973-1978) en úteinlik as foarsitter fan it CNV (1978-1986).

Dêrnei makke Van der Meulen de oerstap nei de polityk: fan 1987 oant 1995 siet er foar it CDA yn de Earste Keamer. Dêr wie hy fraksjewurdfierder foar sosjale saken en rjochte him dêrneist op folkhúsfesting. Fan 1991 oant 1995 wie er ek foarsitter fan de fêste kommissy foar Sosjale Saken en Wurkgelegenheid (Earste Keamerkommissy). Yn 1992 stimde hy mei in minderheid yn de CDA-fraksje tsjin in ferromming fan de iepeningstiden fan winkels.
Hy stie kritysk foar it sosjaal-ekonomyske belied fan de kabinetten Lubbers oer. Yn de Earste Kamer naam hy it bot op foar wurknimmers en útkearingsgerjochtigden.

Van der Meulen hie ek ferskate by-funksjes. Sa wie hy fan 1973 oant 1986 lid fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER) en lid fan it bestjoer fan de Stichting fan de Arbeid, en wie er fan 1978 oant 1986 lid fan de Bankried fan De Nederlandsche Bank (DNB). Fierders siet hy yn it bestjoer fan Stichting De Open Ankh (1990-1994), Stichting De Ombudsman (fan 1986 ôf) en wie hy kommissaris by de drukkerij Joh. Enschedé (fan 1991 ôf).

Harm van der Meulen wie troud en hie acht bern. Hy hearde by de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (distiid Protestantske Tsjerke yn Nederlân). Yn 1980 waard hy Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau en yn 1986 Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy stoar ien dei foar syn 82-ste jierdei yn syn wenplak Utert.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: