Harm van Houten

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Hendrik (Harm) van Houten (Boksum, 19 juny 1892 - Grins, 22 july 1952) wie in Nederlânsk ûnderwizer, sjoernalist (û.o fan it Friesch Dagblad) en politikus. Fierders hat er by it fersekeringswêzen arbeide, sa dwaande hie re in skoft in eigen fersekeringskantoar.

Van Houten wie in kristendemokraat, dy't fral krewearre foar de pachtboeren yn Fryslân. Yn't earstoan wie er lid fan de ARP mar de sosjaalfielende antimilitarist dy't er wie, sleat him by de Kristlik-Demokratyske Uny (CDU) oan en waard foar dy partij Twadde Keamerlid yn 1933 .

Sûnt 2 oktober 1936 wie it lidmaten fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân fanwege de grifformearde synoade ferbean om lid te wêzen fan de CDU. De grifformearde Van Houten bleau lykwols partijlieder fan de CDU.

Yn de Twadde Wrâldkriich siet er yn maaie 1942 fêst yn kamp Sint-Michielsgestel. Ut reden fan syn hâlding yn de oarloch - hy wie warber yn de nasjonaalsosjalistyske Nederlandse Landstand - kaam er yn 1945 net werom yn it parlemint.

Van Houten hat as ARP-politikus fan 1927 oant 1931 ek lid fan de gemeenteried fan Assen west. Fierders wie er fan 1935 oant 1941 lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]