Harm Kolthek

Ut Wikipedy
Harm Kolthek
boarne: www.onvoltooidverleden

Harm Kolthek Jr. (Westerbroek, 10 april 1872Grins, 19 jannewaris 1946) wie in Nederlânsk drukker, sjoernalist, fakbûnsbestjoerder en libertêr-sosjalistysk politikus.

Kolthek waard in 1872 berne yn het Grinslânske Westerbroek (gemeente Hegesân) as soan fan Harm Kolthek Sr., fabryksarbeider, en Talligje van Eerden.

Fan 1907 oant 1913 wie Kolthek sekretaris fan it Nasjonaal Arbeids-Sekretariaat, de anargistyske faksintrale. Syn earste taak by it NAS wie de finansjele krisis te oerwinnen dêr't it NAS yn bedarre wie. It slagge Kolthek sa goed, dat oan de ein fan syn termyn it ledetal fertrijefâldige wie.

Yn de Earste Wrâldkriich wie er oarlochskrrespondint foar de Telegraaf yn Frankryk.

Kolthek wie fan 1918 oant 1924 partijlieder fan de foaroarlochske Sosjalistyske Partij. Fan 1918 oant 1922 siet er foar dy partij yn de Twadde Keamer. Dêr hearde er yn 't earstoan ta de Revolúsjonêre Keamerklub, dêr't er yn gearwurke mei Willy Kruyt fan it Bûn fan Kristen-Sosjalisten. Hy hold dêr mei op om't er de gearwurking te dreech fûn.

Yn 1925 ferhûze Kolthek nei Grins. Hy hie te lijen fan in eachsykte, dy't yn it AZG behannele wurde moast.

Yn 1931 rjochte Kolthek de partij Recht en Vrijheid op en kaam er foar dy partij yn de Grinzer gemeenteried. Yn 1935 en 1939 helle syn partij twa kear fiif sitten.

Kolthek syn dea yn 1946 betsjutte de ein fan dizze partij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: