Harley-Davidson

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Fan lofts nei rjochts:William A. Davidson, Walter Davidson, Sr., Arthur Davidson en William S. Harley
Chopper „Captain America" út de Film „Easy Rider“, 1987

Harley-Davidson is in Amerikaanske produsint fan motorfytsen út de steat Wisconsin. It merk bruts troch doe't yn de Twadde Wrâldoarloch grute oantallen motorfytsen levere waarden oan it Amerikaanske leger, ûnder de namme Liberator.

Harley-Davidson hat in oanhing fan fanatike fans - wêrûnder Hells Angels - dy't fan gjin krityk op harren merk witte wolle. Der wurde noch altyd in soad fan ferkocht. It eigen lûd fan de motor wurdt tige wurdearre.

Twa jonge motorleafhawwers, William Harley en Arthur Davidson, wurken harren earste motorfyts. Twa bruorren fan Arthur, Walther en William, kamen der al gau by it duo, mar in ûnbekend bleaune Dútse immigrant, dy't de Frânske "De Dion" motor kende, joech de trochslach by it opsetten fan harren bedriuw. Yn 1903 ferskynde in iensilinder motorfyts mei in fermogen fan 3 PK.

Yn de kultfilm Easy Rider spilen HD-motors fan it type "custom", ek wol chopper neamd, in haadrol. Customs mei harren soad groom en hege stjoeren, binne yn de sechtiger jierren (en lang dêrnei) in hype west.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]