Harare

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Harare
Harare from the Kopje.jpg
Sifers
Ynwennertal 1.903.510 (2006)
Oerflak 872 km²
Befolkingstichtens 2.182 km²
Hichte 1490 m
Polityk
Lân Simbabwe
Provinsje Harare
Boargemaster Elias Mudzuri (MDC)
Oar
Koördinaten
Webside www.hararecity.co.zw
Provinsje Harare yn Simbabwe

Harare (oant 1982 Salisbury) is de haadstêd fan Simbabwe. De stêd hie yn 2002 sa'n 1,4 miljoen ynwenners en de stedekloft hie sa'n 2,8 miljoen minsken. Harare is de grutste stêd fan it lân en it politike en ekonomysk sintrum; it is in hannelssintrum foar tabak, mais, katoen en sitrusfruchten. Teffens wurdt dêr tekstyl, stiel en gemikaliën makke. Yn de omkriten leit in goudmyn. Harare leit op 1.483 meterhichte en hat in myld klimaat.

Yn Harare sit de Universiteit fan Simbabwe, de grutste universiteit yn it lân.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De stêd waard stifte troch de Ingelsen yn 1890. It wie doe allinne in fort foar de Pioneer Column, in striidmacht oprjochte troch Cecil Rhodes, de stifter fan Rodeesje. De stêd hie oarspronklik de namme Fort Salisbury, nei de markys fan Salisbury, dy't op dat stuit premier fan Ingelân wie. Letter waard de namme ynkoarte ta Salisbury. Salisbury waard in gemeente yn 1897 en in stêd yn 1935. It wie de haadstêd fan de Federaasje fan Rodeesje en Nyasalân fan 1953 oant 1963. Dêrnei bleau it de haadstêd fan Súd-Rodeesje en yn 1965 de haadstêd fan Rodeesje ûnder premier Ian Smith. Sûnt is Salisbury útgroeid tan in moderne stêd.

Doe't Robert Mugabe yn 1980 oan it bewâld kaam woe er de Europeeske namme kwyt en dat waard in feit op 18 april 1982. De betocht it lân it twadde jier fan de stifting fan Simbabwe.

Tsjintwurdich hat Harare frijwat te lijen ûnder it bewâld fan Robert Mugabe. Lânûnteigning fan de blanke boeren hat in ekonomyske delgong feroarsake. Iepenbiere tsjinsten lizze folslein stil. Ek de poltike situwaasje is net stabyl; de keazen ried hat dien krige en is ferfongen troch in ried fan neifolgers fan Mugabe. Maaie 2005 liet it Simbabwaansk regear alle earme foarstêden sûnder earst te warskôgjen ôfbrekke, de saneamde Operaasje Murambatsvina. Dit waard skerp feroardiele yn de wrâld. De regering woe hawwe dat der sa in ein oan de earmoed makke wurde koe, mar faaks wie it earder te dwaan om minsken dy't de opposyske stipen de mûle te snuorjen (plannen foar nijbou wiene der bygelyks net).

Berne yn Harare[bewurkje seksje | edit source]

Salisbury yn 1930