Hans Monderman

Ut Wikipedy
Hans Monderman (2006)
foar de Lawei yn Drachten

Johannes Iebe (Hans) Monderman (Ljouwert, 19 novimber 1945 - Oerterp, 7 jannewaris 2008) wie in Nederlânsk ferkearskundige.

Monderman ûntwikkele yn de jierren njoggentich in nije fyzje op ferkearsfeilichheid. Neffens him wurde troch it weiheljen fan ferkearstekens ferkearsdielnimmers stimulearre om mear om elkoar te tinken. Mei dit konsept, dat bekend waard as Shared Space, krige hy ynternasjonale bekendheid. Yn 2006 waard hy útroppen ta Innovator fan it Jier.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1969: ferkearskundige by de provinsje Fryslân
  • 1979: meiwurker Regionaal Orgaan verkeersveiligheid Friesland (ROF)
  • 1996: ferkearskundige by de gemeente Smellingerlân
  • 1999: konsultant foar de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte
  • 2000: meiwurker Van Keuning Ynstitút yn Grins

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Harm Jan Stalman en Allard Wiersma, Openbare ruimte in Fryslân - 20 jaar Regionaal Orgaan verkeersveiliheid Fryslân (2001).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: