Hanns Albin Rauter
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Johann Baptist Albin (Hanns Albin) Rauter (Klagenfurt, 4 febrewaris 1895 – Skeveningen, 25 maart 1949) wie yn de Twadde Wrâldkriich de heechste SS'er yn Nederlân. Hy wie ferantwurdlik foar de arrestaasje, tramtearring en dea fan tûzenen Nederlanners. Hy waard nei de oarloch feroardiele ta de dea en by Skeveningen fusillearre.