Hanna Gronkiewicz-Waltz
Hanna Gronkiewicz-Waltz (Warsjau, 4 novimber 1952) is in Poalsk liberaal-konservatyf politika dy’t sûnt 2 desimber 2006 de boargemaster fan Warsjau is. Se is de earste persoan ea dy’t dizze posysje ynnimt.
Tusken 1992 en 2000 wie Gronkiewicz-Waltz de foarsitter fan de Nasjonale Bank fan Poalen, de sintrale bank fan it lân. Fan 2001 oant 2004 wie se de fise-presidint fan de Jeropeeske Bank foar Weropbou en Untwikkeling. Op 25 septimber 2005 waard se foar it Boargerplatfoarm (Platforma Obywatelska) mei 137.280 stimmen keazen yn de Sejm, it Poalske legerhûs.
By de gemeenteferkiezings fan 2006 yn Warsjau wie Gronkiewicz-Waltz de kânshawwer foar it boargemasterskip fan Warsjau foar har partij. Op 12 novimber fan dat jier krige se 34,23% fan de stimmen, wêrmei't se twadde waard, krekt efter de eardere Minister-presidint fan Poalen, Kazimierz Marcinkiewicz. Omdat gjin fan beide mear as de helte fan de stimmen krige wie der in twadde ferkiezingsronde nedich. Dy waard op 26 novimber hâlden, hjirby krige Gronkiewicz-Waltz 53,18% fan de stimmen.
It belied fan Gronkiewicz-Waltz is oars as dat fan har foargonger. Sa stie se in homoparade ta yn de haadstêd. Under it bewâld fan har foargonger Lech Kaczyński waarden se ek wol tastien, mar dat barde al altiten ûnder grutte wjerstân fan de boargemaster.