Hanford Nukleêr Reservaat

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Hanford Nukleêre Reservaat)
Kearnreaktors op de Hanford Site oan de rivier de Kolumbia yn jannewaris 1960. De N Reactor is op de foargrûn, mei de twilling KE en KW Reaktors op de eftergrûn. De histoaryske B Reactor, de earste plutoanium produsearjende reaktor fan de wrâld, is te sjen yn de fierte

It Hanford Nukleêr Reservaat of de Hanford Site is in Amerikaansk nukleêr kompleks flakby de stêd Richland yn de steat Washington. It kompleks is sa'n 1517 km² grut. It kompleks is ferneamd nei it eardere doarp Hanford dat op dit plak lei.

Produksje fan plutoanium[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hanford Site waard oanlein yn 1943 yn it ramt fan it Manhattan Projekt om plutoanium te leverjen foar de produksje foar it earste kearnwapen. De Hanford Site krige de koadenamme Site W.

It op it Hanford produsearre plutoanium tsjinne foar de earste atoombom, dy't teste waard op de Trinity Site by Los Alomos, Nij-Meksiko. It waard brûkt yn de Fat Man, dy't op Nagasaki yn Japan smiten is.

Sluting en himmeljen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De reaktors foar de produksje foar wapens waarden nei de Kâlde Kriich stillein. Op it plak is noch hieltyd radioaktive smoargens fan 204.000 m³ oanwêzich yn tenks dy't ûnder de grûn sitte. Dat is twa tredde part fan al de radioaktive smoargens yn de Feriene Steaten. Yn totaal binne der 177 fan dy tenks, wêrfan 149 âldere tenks. In tredde fan de âldere tenks hat yn it ferline alris radioaktyf guod lekt. Hanford is no ien fan de meast mei fersmoarge gebieten yn de FS wat kearnenerzjy oanbelanget. Om't it mêd tichteby de rivier de Kolumbia leit, hat de Amerikaanske oerheid besletten om it mêd skjin te meitsjen.

It skjinmeitsjen is net sûnder problemen ferrûn. Sûnt 1989 hawwe der 5 haadoannimmers oan dit projekt wurke. It soe ree wêze moatte yn 2019.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]