Hallumer Feart

Ut Wikipedy
De Hallumer Feart

De Hallumer Feart is in opfeart yn de gemeente Ferwerderadiel. De feart rint fan Hallum yn súdeastlike rjochting en komt út yn Bartlehiem.
Oan de feart stiet kleaster-poldermole De Lêste Stoer.

De namme Hallumer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Hallumertrekvaart.