Hallstatt

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hallstatt
Hallstatt 001.jpg
Sifers
Ynwennertal 794 (2012)
Oerflak 59,8 km²
Befolkingstichtens 13 / km²
Hichte 511 m
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Boppe-Eastenryk
Distrikt Gmunden
Boargemaster Alexander Scheutz (SPÖ)
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
*Simmertiid CEST (UTC+2)
Webside www.hallstatt.at


Hallstatt is in plak en gemeente in de Eastenrykske dielsteat Boppe-Eastenryk, gelegen in het district Gmunden (GM).

Geografy[bewurkje seksje | edit source]

Hallstatt leit oan de Hallstättersee, en wie oany yn d jierren 60 fan de 20e ieu allinne oar de mar te berikken. Súdeastlik fan Hallstatt, oan de súdigge fan de mar, leit de gemeente Obertraun. Hallstatt leit op in smelle streek grûn tusken de Halstättersee en de Dachsteinbergen, mei syn Hallstatt-gletsjer.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

It museum fan Hallstatt hat prehistoaryske artefakten fan de Hallstatt-kultuer, in Keltyske kultuer út it earste millennium foar ús jiertelling, dy't nei Hallstatt ferneamd is. De St. Michaelkapel fungearret as skrinkelhûs, de Karner. Meidat dêr net folle grûn ta foldwaan is foar begraafplakken wurde liken nei safolle tiid wer foar it ljocht helle. Hûnderten plassen en bonkerakken fan ferstoarne ynwenners fan Hallstatt lizze útstald efter tralys.

Oer kuierpaden yn de bergen kinne argeologyske fynplakken besocht wurde. De oerbliuwsels fan de Hallstatt-kultuer waard foar it earst ûntduten troch Johann Georg Ramsauer yn 1846. Yn de 17 jier dêrnei lei er sa'n 1000 grêven bleat. Ramsauer syn oarspronklike oantekeningen binne yn it Hallstattmuseum te besjen, njonken autentyk mynwerkersark dy't yn de, no ieuwenâlde, sâltminen fan Hallstatt brûkt waarden.


Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]


Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]