Halbe Zijlstra

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Halbe Zijlstra

Halbe Zijlstra (Easterwâlde, 21 jannewaris 1969) is in Nederlânsk politikus foar de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD). Sûnt 14 oktober 2010 is hy steatssekretaris.

As soan fan in resersjeur hettet er syn vwo-diploma oan it Stellingwerf Kolleezje yn Easterwâlde. Dêrnei folget er yn Grins oan de Hânzehegeskoalle in oplieding ta kommersjeel management en sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1994 wurdt er lid fan de VVD, ynspirearre troch Frits Bolkestein.

Sûnt 1996 wennet er yn Utert, dêr't er in bedriuw foar projektmanagement (Improvex)hat. Hy waard ûnder oaren ynhierd troch de Shell foar de wrâldwide ynfiering fan in saaklike creditcard. Yn Utert is Zijlstra jierrenlang riedslid, wêrfan mear as twa jier fraksjefoarsitter. Hy is dêr faak yn de media te sjen en te hearren. Doe't er út de ried gie, waard syn frou waard ek VVD-fraksjefoarsitter en wethâlder yn Utert. Hy wie fan 30 novimber 2006 oant 14 oktober 2010 lid fan de Twadde Keamer. Op 14 oktober 2010 wurdt Halbe Zijlstra steatssekretaris fan Underwiis yn it kabinet-Rutte. Hy sil him hjir benammen rjochtsje op it universitêre ûnderwiis en it HBU.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]


Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: