Keninginne Sjarlotte-eilannen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Haida Gwaii)
De Keninginne Sjarlotte-eilannen (Haida Gwaii).

De Keninginne Sjarlotte-eilannen (Haida: X̱aayda Gwaay; Ingelsk: Queen Charlotte Islands; Frânsk: Îles des Reine Charlotte) binne in arsjipel yn 'e Stille Oseaan, dy't in eintsje út 'e westkust fan Kanada leit en ta de provinsje Britsk-Kolumbia heart. Sûnt 2010 is de lânseigen namme fan 'e Haida-Yndianen, stavere as Haida Gwaii (dat "Eilannen fan 'e Haida" betsjut), de offisjele namme fan 'e eilannen. Op 'e arsjipel hearsket in seeklimaat dat tige liket op it klimaat oan 'e westkust fan Skotlân.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Keninginne Sjarlotte-eilannen omfetsje twa haadeilannen, it noardlike Graham en it súdlike Moresby, en dêrnjonken likernôch 150 lytsere eilantsjes, dy't mei-inoar in lânoerflak fan 10.180 km² hawwe. De arsjipel wurdt oan 'e eastkant skaat fan it fêstelân fan Britsk-Kolumbia troch de Hekatestrjitte, en oan 'e súdkant fan Vancouvereilân troch de See-ingte fan Keninginne Sjarlotte. Yn it noarden skiedt de omstriden Dixonyngong de eilannen fan 'e Amerikaanske steat Alaska.

De Keninginne Sjarlotte-eilannen binne ferneamd nei Sjarlotte fan Meklenboarch-Strelitz, de frou fan 'e Britske kening George III. Guon fan 'e eilannen hawwe tsjintwurdich in beskerme status as it Nasjonaal Parkreservaat Gwaii Haanas en it Provinsjaal Park Naikoon. Der libbet in oerfloed oan fauna op 'e eilannen, wêrûnder de Keninginne-Sjarlotte-eilânske swarte bear (Ursus americanus carlottae), de grutste ûndersoarte fan 'e Amerikaanske swarte bear, en de Keninginne-Sjarlotte-eilânske harmeling (Mustela erminea haidarum), in ûndersoarte fan 'e harmeling. It swartsturthart en de waskbear binne eksoaten dy't tsjintwurdich ek rûnom op 'e arsjipel foarkomme.

It Haida-Erfskipssintrum te Kaay Llnagaay.

Demografy en skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens út 2008 hiene de Keninginne Sjarlotte-eilannen doe krapoan 4.800 ynwenners, wat in befolkingstichtens opsmiet fan 0,5 minsken de km². Likernôch 70% fan 'e befolking bestiet út 'e lânseigen Haida, dy't de eilannen ek al bewennen foar de komst fan 'e earste Jeropeänen. Dat wiene de leden fan 'e ekspedysje fan 'e Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Pérez, yn 1774. De earste Brit dy't op 'e eilannen foet oan lân sette, wie James Cook, yn 1778. De Haida lieten doedestiden net mei har spotte, en yn 1794 kaapten se twa Jeropeeske skippen, de Ino en de Resolution, dy't se neitiid ta sinken brochten. Harren befolking op 'e eilannen waard doedestiden rûze op sa'n 10.000, mar yn 'e njoggentjinde iuw waarden se slim troffen troch ferskate grutte epidemyen fan 'e pokken en oare útlânske sykten, dêr't se gjin ymmuniteit tsjin hiene, sadat se slim yn oantal belunen.

De Keninginne Sjarlotte-eilannen wiene yn 'e njoggentjinde iuw wichtich foar de lukrative hannel yn see-otterpelzen, en behalven de Spanjerts en de Britten makken ek de Amerikanen oanspraak op 'e arsjipel. Alle Spaanske bemuoienissen stoppen doe't Meksiko yn 1821 ûnôfhinklik waard. By in ferdrach út 1846 joegen de Amerikanen harren oanspraken op. Nei't der troch de Goudkoarts fan Moresby, yn 1851, in grutte befolkingsgroei plakfûn hie, foarmen de Keninginne Sjarlotte-eilannen fanôf 1853 in aparte Britske koloanje, mar yn 1863 gie dy op yn it gruttere Britsk-Kolumbia.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.