Haatmisdriuw

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

In haatmisdriuw (of yn it Ingelsk hate crime) is in misdriuw wêrby't de dieder motivearre wurdt troch de foaroardielen dy't er hat tsjin in beskate maatskiplike groepearring, lykas in etnyske, rasiale, religieuze groep, of minsken mei in beskate seksuële oriïntaasje of geslachtsidentiteit. De ûnderlizzen psychologyske oarsaak is yn 'e regel dat de dieder him yn syn persoanlike identiteit bedrige fielt troch lju dy't der oars útsjogge, in oare hûdskleur, kultuer, taal, religy, seksueel aard of geslacht hawwe. De measte haatmisdriuwen falle yn 'e kategoryen narjen, lestich fallen, misledigings, útskellerij, driichbrieven, haatmail, fandalisme (faak yn 'e foarm fan graffity) en gewelddieden, mar ferkrêfting en moard komme ek foar. De measte Westerske lannen hawwe tsjintwurdich wetten dy't spesifyk tsjin haatmisdriuwen rjochte binne; misdriuwen fan dit type wurde de dieders swierder oanrekkene as ferlykbere misdriuwen dy't gjin diskriminearjend motyf hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.