Hûsmûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hûsmûs
House mouse.jpg
taksonomy
Ryk: dieren (Animalia)
Stamme: rêchstringdieren (Chordata)
Klasse: sûchdieren (Mammalia)
Skift: kjifdieren (Rodentia)
Famylje: mûseftigen (Muridae)
Skaai: echte mûzen (Mus)
soarte
Mus musculus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De hûsmûs (Latynske namme: Mus musculus) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e echte mûzen. Hoewol't it sûnder mis in wyld bist is, foarmet it al tûzenen jierren in ûnwinske selskipsdier fan 'e minske. Der bestiet lykwols ek in mei opsetsin domestisearre foarm, de nuete mûs, dy't tsjinnet as in wier selskipsdier, mar ek wol as laboratoariumdier of as fretten foar as hûsdier holden slangen. It folsleine genoom fan 'e hûsmûs waard yn 2002 yn kaart brocht. Hoewol't de soarte syn oarsprong fynt yn Aazje, hat er him (mei ûnopsetlike help fan 'e minske) oer hast de hiele wrâld ferspraat. Ek yn Nederlân en Fryslân komt de hûsmûs rûnom foar.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

Algemien foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

Fersprieding fan 'e hûsmûs (read is lânseigen fersprieding; rôs is yntroduksje as eksoat).

It tinken is dat de hûsmûs oarspronklik inkeld earne yn Aazje foarkaam (wierskynlik yn noardlik Yndia), mar út bonkeresten en oar bewiismateriaal docht bliken dat er him al om 8.000 f.Kr. hinne nei it Middellânske-Seegebiet ferspraat hie. Noardlik Jeropa berikte er lykwols pas om 1.000 f.Kr. hinne. Saakkundigen geane derfan út dat dat opûnthâld feroarsake waard trochdat hûsmûzen foar harren bestean lânboukundige minsklike delsettings fan in beskate grutte brek binne.

Neitiid binne se ûnopsetlik troch de minske oer de wrâld ferspraat. Sa berikten se Amearika koart nei 1492, doe't dat kontinint troch Kolumbus "ûntdutsen" waard, en Austraalje yn of koart nei 1788, doe't te Botany Bay, ûnder Sydney, dêr de earste Britske koloanje stifte waard. Der binne withoefolle ûndersiken dien nei genetyske besibskip tusken ûnderskate hûsmûzepopulaasjes, mei as doel om iere minsklike migraasjes en hannelsrûtes te rekonstruëarjen. Om in foarbyld te jaan: de útkomsten fan ien sa'n ûndersyk suggerearje dat der mooglik al ier in ferbining bestie tusken Noard-Jeropa en it eilân Madeara, yn 'e Atlantyske Oseaan noardwestlik fan Afrika, op grûn fan 'e orizjine fan 'e Maderaanske mûzen.

Tsjintwurdich komt de hûsmûs foar yn hiele Jeropa, de Britske Eilannen en Iislân ynbegrepen, al wurdt er op Iislân as in eksoat beskôge. Fierders yn Noard-Afrika yn in brede stripe by de súdlike kust fan 'e Middellânske See lâns en teffens by de kust fan 'e Reade See lâns oant Dzjibûty. Yn Aazje is wurdt er as lânseigen sjoen yn it hiele Midden-Easten, Súd-Aazje, Sintraal-Aazje, it westen en suden fan Sibearje, East-Aazje (ynkl. Japan en Taiwan) en it fêstelân fan Súdeast-Aazje. Op 'e Filipinen en yn 'e Yndyske Arsjipel, Nij-Guineä, Austraalje, Nij-Seelân en de eilannen yn 'e Stille Súdsee is er oanwêzich as eksoat, krektlyk as yn Noard-Amearika (útsein it hege noarden), by de kusten fan Súd-Amearika lâns en yn 'e súdpunt fan Afrika.

Hûsmûzen hawwe in goede kamûflaazje-kleur en rinne der yn har natuerlike habitat selden út.

Foarkommen yn Nederlân en Fryslân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Nederlân en ek yn Fryslân komt de hûsmûs oeral rûnom foar, ek op 'e Waadeilannen en yn 'e Flevopolders, en sels op 'e ûnbewenne Waadeilannen ynsafier't de boskmûs dêr ûntbrekt. De ûndersoarte dy't yn Nederlân libbet, is de westlike hûsmûs (Mus musculus domesticus), dy't yn hiel Noardwest-Jeropa, Súd-Jeropa, in diel fan 'e Balkan en westlik Aazje en Noard-Afrika foarkomt. Yn Skandinaavje en East-Jeropa oant yn Sina is in oare ûndersoarte lânseigen, de noardlike hûsmûs (Mus musculus musculus). De grins tusken de wengebieten fan dy beide ûndersoarten rint fan súdlik Jutlân mei in grutte slinger troch Dútslân nei de Eastenrykske Alpen en dan fia de Balkan nei de kust fan 'e Swarte See yn sintraal Bulgarije. Yn Nederlân is de noardlike hûsmûs in eksoat, dy't yn it wyld oantroffen is yn 'e Amsterdamske dieretún Artis, yn 'e omkriten fan Leien en yn 'e Noardeastpolder. Hy is dêr mooglik bedarre troch opsetlike ynfier as laboratoariumdier, of by fersin mei hea of siedsied.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | edit source]

De hûsmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 7½-10 sm, mei in sturt fan gelikense lingte en in gewicht fan 14-32 g. Hûsmûzen hawwe puntige snútsjes, lytse rûne earkes en in lange keale of hast keale sturt. Dy wurdt troch mûzen brûkt om har lykwicht te hâlden, mar ek om har lichemstemperatuer te regulearjen, mei't it bloed troch deun ûnder de hûd fan 'e (frijwol) ûnbehierre sturt troch te streamen fluch waarmte ôfstjitte kin. Ek wurdt de sturt brûkt as trêde efterpoatsje as de mûs wat heechs ûndersykje of om him hinne sjen wol en him dêrta op 'e efterpoaten ferheft. Hûsmûzen hawwe in min gesichtsfermogen, en sjogge gjin of hast gjin kleuren. Harren rooksin is dêrfoaroer tige sterk ûntwikkele, en it efterlitten fan rook (troch urine) is ien fan 'e wichtichste foarmen fan kommunikaasje tusken mûzen ûnderling. Ek de taastsin is foar mûzen fan grut belang, en fynt benammen plak troch har snorhierren.

Yn it wyld kin de kleur fariëarje fan ljocht- oant dûnkerbrún, al fertoane nuete mûzen, troch selektyf fokken, in grutte kleurferskaat. Har hier is koart en beskate ûndersoarten hawwe ljochter hier op 'e búk as op 'e rêch. Hoewol't it mar lytse bistkes binne, kinne se ferrassend heech springe, oant wol 45 sm. Harren lûd is in heechtoanich piipjen, al die yn 2005 út in ûndersyk troch wittenskippers fan 'e Universiteit fan Washington bliken dat mantsjes dêrnjonken ek in ultrasoan (foar minsken ûnhearber) sjongen of fluitsjen fuortbringe dat wol wat wei hat fan muzyk, en dêr't se wyfkes mei lokje en ferliede.

In hûsmûs.

Men kin by de jongen de mantsjes fan 'e wyfkes skiftsje troch goed nei it bunt te sjen, mei't de anogenitale ôfstân by de mantsjes likernôch dûbel sa grut is as by de wyfkes. Fierders hawwe wyfkes fanôf 10 dagen fiif pear oeren, wylst de mantsjes hielendal gjin spiennen hawwe. Yn geslachtsripe mûzen is it dúdlikste ûnderskie de testikels by de mantsjes, dy't grut binne foar sa'n lyts bistke, en dy't weromlutsen wurde kinne yn it lichem.

Biotoop[bewurkje seksje | edit source]

It foarkommen fan hûsmûzen is almeast assosjearre mei minsklike bewenning, en se libje dan ek it meast yn of om wenten, skuorren, winkels, pak- en kuolhuzen en pleatsen. Dêrnjonken komme se ek wol los fan 'e minske foar, yn bosk mei in protte ûndergroei, nôt- en reidfjilden en oerwoekere tunen, benammen as oare mûzesoarten dêr ûntbrekke of mar krap foarkomme. Yn berchtmen is de hûsmûs oant op 2.700 m oantroffen. De grutte fan in mûzeterritoarium rint útinoar fan 5 m² yn 'e hûs oant 400 m² yn it iepen fjild. Yn West-Jeropa migrearje bûtendoar libjende mûzen trouwens hjerstmis oer it algemien nei minsklike bewenning ta om dêr te oerwinterjen.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | edit source]

Hûsmûzen rinne, drave en steane almeast op fjouwer poatsjes, útsein as se ite, fjochtsje, wat heechs ûndersykje of om har hinne sjogge; dan ferheffe se har op 'e efterpoatsjes, wêrby't se har dan ûnderstypje mei har sturt. It binne goede klimmers, springers en swimmers. Oer it generaal besykje se safolle mooglik kontakt te hâlden mei fertikale oerflakken (in mûs sil dus mar komselden in keamer skean oerstekke, mar hast altyd de muorren folgje).

In múske fan fjouwer dagen âld.

De hûsmûs is benammen nachts aktyf, mei aktiviteitspiken yn 'e beide skimerperioaden. Se binne twer fan grille ljochten. Ut ûndersyk is nei foarren kommen dat se likernôch 12½ oere deis fersliepe. Hûsmûzen hâlde har beskûl yn alderhanne lytse gatsjes en herntsjes, en witte yn minsklike wenten faak troch te kringen yn loaze romten tusken muorren of plafons, dêr't se op feilige plakken nêsten oanlizze deunby itensboarnen. Se binne territoriaal, en ien dominant mantsje libbet yn 'e regel gear mei ferskate wyfkes mei jongen. De mantsjes respektearje oer it algemien inoars territoaria.

Hûsmûzen plantsje har ûnder gaadlike omstannichheden it hiele jier rûn fuort. "Gaadlike omstannichheden" hat mear te krijen mei de foarriedigens fan fretten as mei geunstige libbensomstannichheden, want sels troch temperatueren fan ûnder it friespunt, yn kuolhuzen, litte se har net fan har fuortplantingssyklus ôfbringe. De draachtiid duorret sa'n 20 dagen, wêrnei't 5-10 kear jiers 4-9 jongen smiten wurde. By it ferlitten fan it nêst weagje dy noch mar 5½ g, mar nei twa moanne binne se geslachtryp. By hege populaasjetichtheden diele ferskate wyfkes soms ien nêst; sa binne der alris 58 ûnderskate jongen yn in nêst oantroffen. De populaasjetichtheid is trouwens sterk ôfhinklik fan 'e beskikberens fan fretten. Yn 'e hûs is 5 mûzen de m² frij normaal, yn in heaberch 15 mûzen de m³ en yn it iepen fjild 50 mûzen de ha.

Yn it wyld hawwe hûsmûzen in libbensferwachting fan minder as in jier, hoewol't nuete mûzen yn finzenskip wol trije jier wurde kinne. Wyfkes wurde meastal âlder as mantsjes. Harren natuerlike fijannen binne ûlen (benammen de goudûle), oare rôffûgels, de foks, de hûskat en martereftigen as de wezeling en de harmeling. Yn 'e hûs moatte se fral oppasse foar de kat (dêr't se op sprekwurdlike wize mei yn ûnmin libje) en foar de bestridingspraktiken fan 'e minske. Fierders binne mûzen benaud fan rotten, dy't har ek faak deadogge en opfrette, in ferskynsel dat muriside neamd wurdt. Kavia's, dy't blykber krekt as rotten rûke, hawwe hûsmûzen ek in hekel oan, en om 'e rook fan katten of kavia's yn 'e hûs te heljen, kin in ôfskrikwekjende wurking hawwe, al litte guon mûzen har nearne wat oan gelegen lizze.

In hûsmûs oan it miel.

Fretten[bewurkje seksje | edit source]

Hûsmûzen binne echte omnivoaren. Se hawwe in foarkar foar nôt, sied, nuten, ynsekten, larven en wjirms, mar meie ek graach oer minsklik iten gear, lykas fleis, tsiis en ûnderskate soarten fruchten. As se neat oars fan har gading fine kinne, frette se ek wol sjippe, kjersen, papier of sels lym. It leafst hawwe se fet- en aaiwytryk foer, wylst se koalhydraatryk guod as fruchten en griene planten leaver stean litte. In nôtkerl pakke se tusken de beide foarpoatsjes en gnabbelje se foar twatrêde part op foar't se in oaren pakke. Se ite deis mar sa'n 3½ g, wat net sa'n soad is, mar ûnder pleachkondysjes kin dat mei-inoar raar oprinne, en boppedat bedjerre se mei har kjitte en miich folle mear nôt as dat se eins opfrette. Dêrnjonken ferniele se alderhanne ûnytbere dingen, lykas ferpakkingsmateriaal en snoeren, troch deroan te gnaujen. It tinken is dat de hûsmûs mei sok hâlden en dragen spesifyk de oarspronklike reden wie foar it domestisearjen fan 'e hûskat.

Status[bewurkje seksje | edit source]

De hûsmûs hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er rûnom foarkomt. Yn Nederlân is it ien fan 'e iennichste mûzesoarten dy't frij bestriidber is, mei't er him ta in pleachdier ûntjaan kin. Troch har flugge fuortplanting kin in populaasje fan in pear mûzen him yn in jier tiid ta hûnderten eksimplaren ûntwikkelje. Fierders kinne mûzen fia har kjitte sykten ferspriede, wêrûnder salmonella, de sykte fan Weil en, yn teory, de bûdepest.

Yn kontreien dêr't se net lânseigen binne, yn 't bysûnder yn Nij-Seelân en op 'e eilannen yn 'e Stille Súdsee, ferkringe hûsmûzen faak lânseigen fûgelsoarten om't se itselde frette, wylst se troch predaasje in negatyf effekt hawwe op 'e populaasjes lânseigen ynsekten en hagedissen. Sadwaande wurde hûsmûzen, krekt as brune en swarte rotten, dy kusten út faak te fjoer en te swurd bestriden.

Op it ûnbewenne eilân Gough, yn 'e súdlike Atlantyske Oseaan, dat ta it Britske territoarium fan Sint-Helena, Ascencion en Tristan da Cunha heart, kamen gjin sûchdieren foar ear't de hûsmûs dêr yn 'e njoggentjinde ieu mei Jeropeeske walfiskfarders arrivearre. It eilân is in briedplak fan 'e tristanalbatros en de schlegelmok. De mûzen op Gough hawwe har ûntjûn ta in ûngewoane grutte, en falle no yn groepen albatrosjongen oan, dy't hast 1 m lang wêze kinne, mar gjin ferwar tsjin sa'n oanfal hawwe; de mûzen gnauwe de piken oan oant se deabliede.

Hûsmûzen binne natuerlike klimmers.

Yn 'e nôtgurle fan súdwestlik Austraalje plantet de yntrodusearre westlike hûsmûs him sa súksesfol fuort dat der eltse trije jier in mûzepleach ûntstiet, mei populaasjetichtheden fan wol 1.000 eksimplaren de ha. Behalven de finansjele ferliezen fan Au$36 miljoen jiers feroarsaket dat ek in ûnbidige fersteuring fan it libben yn 'e troffen lânboumienskippen.

Opsomming fan ûndersoarten[bewurkje seksje | edit source]

Op grûn fan genetysk ûndersyk wurde der binnen de hûsmûs fiif ferskillende groepen ûnderskaat, dy't almeast as ûndersoarten beskôge wurde (mar inkeld ek wol as aparte soarten):

De hûsmûzen fan Japan binne mooglik in krusing tusken de noardlike en Aziatyske ûndersoarten. Oare (frij nau besibbe) soarten echte mûzen yn Jeropa, lykas de Masedoanyske hûsmûs (Mus macedonicus), de steppemûs (Mus spicilegus) en de Algerynske mûs (Mus spretus), wurde yn 'e folksmûle ek wol fan "hûsmûs" neamd. De skiesturtmûs (Mus fragilicauda), út Tailân, is nei gedachten it naust oan 'e hûsmûs besibbe.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Boersma, Johannes, It Wylde Dierte, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
  • Lange, Rogier; Twisk, Peter; Winden, Alphons van; Diepenbeek, Annelies van, Zoogdieren van West-Europa, Utert, 2003 (St. Uitgeverij van de Koninklijke Nederlandse Natuurhistorische Vereniging en de Vereniging voor Zoogdierkunde en Zoogdierbeschrijving i.s.m. de Vereniging Natuurmonumenten), ISBN 9 05 01 10 770.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.