Hûs Doorn
Hûs Doorn is in kastiel, ridderhofstêd en landguod op de Utertske Heuvelrêch by Doorn yn de provinsje Utert.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean enarsjitektuer
In earste fermelding fan it plak Doorn stamt út it jier 838. It Midsieuske Hûs wie oarspronklik in wetterburcht dy't oan'e ein fan de 13e ieu boud waard foar domproast Adolf van Waldeck.[1] Yn de ieuwen dêrnei bleau it Hûs besit en residinsje fan de domproasten fan Utert. In 1322 waard it ferwoaste. Ungefear fiifentweintich jier letter waard mei de werbou begûn. Yn 1536 waard it in ridderhofstêd.
Yn de 16e en 17e ieu ferriisden der om it binnenplein wengebouwen, dy't no ien gehiel foarmje mei it haadgebou. Yn 1796 waard it yngreven ferboud, mooglik ûnder lieding fan de Amsterdamse arsjitekt Abraham van der Hart. It omlizzende park waard oanlein yn Ingelse lânskipsstyl.
De omfang fan it lângoed foarme in belemmering foar de ûntwikkeling fan it doarp Doorn. Yn 1874 waard it lângoed ferkavele.
Ein 19e ieu waard it hûs bewenne troch Frans Labouchère (1854-1938), dy't wethâlder wie fan de gemeente Doorn en yn 1894 de earste foarsitter fan de Doornsche Golf waard.
[bewurkje seksje] Wilhelm II
It Hûs krige syn bekendheid aan de Dútse keizer Wilhelm II. Nei de Novimberrevolúsje fan 1918 frege en fûn hy asyl yn Nederlân. Syn ferbliuwplak wie ynearsten Kastiel Amerongen mar hy wist út eigen middelen al yn 1919 Hûs Doorn oan te keapjen. Hy liet de oprydleane fan de Doarpsstrjitte ferlizze nei de rêstigere Doornsewei, hjir ferriisde ek it poartegebou dat yn in Hollânske neo-renêssânsestyl boud waard. Fanôf 1920 oant syn dea yn 1941 bewenne hy it Hûs Doorn, dat hy ynrjochte mei objekten út syn paleizen yn Berlyn en Potsdam. Dizze hûsboed kaam yn 59 wagons nei Nederlân ta. Ten noarden fan it Hûs stiet Wilhelm syn mausoleum, boud ûnder lieding fan de Berlynske arsjitekt E. Kiessling.
De winsk fan keizer Wilhelm II wie om yn Dútslân bysetten te wurden as de monargy westeld wêze soe. In soad foarâlden fan de keizer rêste yn de Dom fan Berlyn. Hjir binne te finen 80 sarkofagen fan Pruisyske keningen.
It Hûs en it lângoed waarden yn 1945 as Dúts besit fikearre en binne no besit fan de Steat fan de Nederlannen (Ryksgebouwetsjinst) as ferselsstannige Ryksmuseum. De ynrjochting is net mear hielendal lyk as doe't de keizer der wenne. Der is besocht safolle mooglik autentyk te hâlden, mar yn it ferline binne der wol inkele dielen fan de kolleksje weromjûn oan de erfgenamten fan de keizer, de famylje fan de Hohenzollern en wurde der soms ek spullen útliend foar eksposysjes op oare plakken.
Op de bel-etaazje en de earste ferdjipping binne de keamers noch hast kompleet autentyk. Hûs Doorn hat dêrtroch skitterjende ynterieurs en hûsfêstet in útsûnderlike kolleksje keizerlike keunstfoarwerpen, unyk yn Europa. Museum Hûs Doorn jout in autentyk byld fan it libben fan dizze foarst yn ballingskip en belichemt in wichtich kearpunt yn de Europeeske skiednis.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- It hûs is yn 1962 besocht troch Cecilia van Pruisen, in pakesizzer fan de keizer.
- Kees 't Hart hat Hûs Doorn as dekcor yn syn roman De keizer en de astroloog brûkt.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Huis Doorn fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|