Hûndertjierrige oarloch
De Hûndertjierrige oarloch is in lange rige fan konflikten ôfwiksele mei koart oanhâldende wapenstilstannen tusken de keningen fan Ingelân en Frankryk. De beneaming hjirfoar komt út de 19e ieu en de djoer der fan wurdt meastentiids rekkene tusken 1337 oant 1453.
Nei it útstjerren fan de haadline fan it Frânske keningshûs Kapet (1328) makke de Ingelske kening Eduard III, dy't troch syn mem in pakesizzer fan kening Filips IV de Skjinne, oanspraak op de Frânske troan. Yn 1337 fernijde hy syn oanspraak op de Frânske troan út frees foar Frânske yntervinsje yn Flaanderen en Skotlân. De Frânske kening, Filips VI fan Valois, út de sydline fan de Kapets, besette doe it hartochdom Guyenne, it ienige oerbleaune besit fan de Ingelske kening op it fêstelân. Dat barren wie de direkte oanlieding foar de kriich. Eduard rôp himsels ta kening fan Frankryk út yn 1340 (in titel dy't troch de Ingelske keningen oant 1801 brûkt wurde soe).
De Ingelsen behellen ynearsten in protte súksessen, mar it optreden fan Jeanne d'Arc yn 1429 betsjutte foarfêst in kearpunt yn de kriich. Mei de ferovering fan Bordeaux yn 1453 kaam de striid ta in ein. Allinnich de stêd Kales bleau oant 1559 yn Ingelske hannen.
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |