Húnzermûne
Ut Wikipedy
De Húnzermûne is in poldermûne justjes ten súdwesten fan it doarp Húns yn de gemeente Littenseradiel.
De Húnzermûne waard yn 1829 boud as ien fan de fiif mûnen dy't de yn dat jier oprjochte polder Húns bemealle moasten. Yn 1937 gie in plan om dit tenei meganysk te dwaan net troch, mar yn 1958 waard yn de Húnzermûne dôchs noch in dieselmotor setten, wêrnei't kombinearre bemealling mooglik waard. Yn de jierren 1978-1980 waard de mûne restaurearre. Hoewol't yn 2001 in gemaal neist de Húnzermûne boud waard, is hy noch altyd mealree. De roeden fan de mûne binne 21,60 meter lang en hawwe selsswichting mei âldhollânske foarhikke. De mûne, dy't eigendom is fan it Wetterskip Fryslân, kin op ôfspraak besichtige wurde.