Hélène Swarth

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Hélène Swarth

Stephanie Hélène (Hélène) Swarth (Amsterdam, 25 oktober 1859 - Velp, 20 juny 1941) wie in Nederlânsk dichteresse dy't rekkene wurdt ta de Tachtigers.

Hélène Swarth wie in dochter fan keapman Eduard Swarth, dy't in skoft konsul fan Portugal wie, en fan Maria Jacoba Heijblom. Sy waard grutbrocht yn Brussel en wenne oant har houlik yn Mechelen. Fan 1894 oant 1910 wie hja troud mei de Nederlânske skriuwer Frits Lapidoth. It foar Swarth ûngelukkige houlik is beskreaun troch Jeroen Brouwers yn Hélène Swarth. Haar huwelijk met Frits Lapidoth, 1894-1910 (1986).

Sy debutearre mei Frânske, fan Lamartine beynfloede gedichten, mar gie op oanstean fan Pol De Mont oer op it Nederlânsk. Willem Kloos neamde har "het zingende hart van Holland" en publisearre har gedichten yn syn tydskrift De Nieuwe Gids.

Swarth wie oant op hege jierren produktyf. Har wurk is ûngelyk fan kwaliteit, mar har bêste gedichten binne gelyk oan dy fan de oare foaroansteande Tachtigers. Troch har suverens fan ekspresje brerikte hja in opfallende ienheid fan foarm en ynhâld, wylst har grutte sintúchlike ûntfanklikens oan har bêste wurk in kosmysk-religieuze ynslach jout.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Jeroen Brouwers: Hélène Swarth. Haar huwelijk met Frits Lapidoth, 1894–1910 (Open domein; Bd. 15). UDA, Amsterdam 1986, ISBN 90-295-0750-0.
  • Willem G. van Nouhuys: Studiën en critieken. Marcellus Emants, Willem Kloos, Frederik van Eeden, Hélène Lapidoth-Swarth, Lodewijk van Deyssel, Maurice Maeterlinck, Ada Negri, Friedrich Nietzsche. Van Holkema & Warendorf, Amsterdam 1897.
  • Israel QueridoGeschreven portretten. Jacobis van Looy, Lodewijk van Deyssel, Marcellus Emants, Hélène Swarth, Jacobus Nicolaas van Hall, C. Spoor, Herman Gorter, Balzak, Friedrich Nietzsche, P. L. Tak, Jan Sluijters. Veen, Amsterdam 1912.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]