Hânfyts

Ut Wikipedy
Oankeppel-hânfyts
In âlderwetske hânfyts

In hânfyts is in fyts dy't oandreaun wurde kin mei gebrûk fan de earmen.

De hânfyts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De hânfyts waard útfûn om minsken mei in lichaamlike beheining oan de fuotten dy't dêrtroch gebrûk meitsje fan in rolstoel in gruttere aksjeradius te jaan. It op gong bringen is dus mooglik mei in selde systeem as by in gewoane fyts, alinne dizze wurdt mei de hannen/earmen betsjinne en net mei de fuotten/skonken. Yn Nederlân, it fytslân by útstek, is it gebrûk fan de hânfyts foar transport, rekreaasje of topsport tige populêr. Dat is te sjen oan it oantal oanbieders, brûkers, produkten, eveneminten en klups rûnom de sport dy't bekend is as hânfytsen.
Der binne rûchwei twa soarten hânfytsen te ûnderskieden: de oankoppel-hânfyts en de fêstframe-hânfyts. Fan beide types besteane ferskeidene farianten oanpast op it soart gebrûk.

De oankeppelhânfyts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oankeppelhânfyts bestiet út in tsjil ynklusyf oandriuwmechanisme dat oan de rolstoel befestige wurdt. Dat wurdt op san manier dien dat de foartsjillen fan de rolstoel de grûn net mear reitsje, en dêrtroch in fyts mei trije tsjillen ûntstiet. De oankeppel-hânfyts is bedoeld foar transport en lichte sportaktiviteiten bygelyks toertochten fan 25 à 30 km. De neidruk fan it ûntwerp leit op de gebrûksfreonlikens, en dan foaral op de manier fan oankeppeljen. Faaks bart it oankeppeljen mei help fan in pin en gatferbining tusken de fuotten fan de fytser. Mar der binne ek oankeppelsystemen wêrby't de fytser de hânfyts oan it frame fan de rolstoel klikt.

De fêstframehânfyts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fêstframe-hânfytsen binne fytsen dy't net oan de rolstoel keppelle hoege te wurden. Se ha in selsstannich frame meastentiids mei trije tsjillen. Dizze fytsen wurde brûkt foar de sportyfere aktyfyteiten bygelyks hurdfytswedstriiden en de langere toertochten fan 30 oant sa'n 200 km bygelyks de fyts-âlfestêdentocht op pinkstermoandei. De neidruk fan it ûntwerp leit op erodynamyka. Dizze hânfytsen ha troch it fêste frame in bettere weilizzing en rydt lichter as in ankeppel-hânfyts. De sithâlding op in fêstframe-hânfyts kin ferskille, it kin in gewoane sithâlding wêze, mar ek op 'e knibbels of lizzend sa as op in lisfyts. De snelhyd fan dizze fytsen is sa'n twa kear grutter as by in rolstoel.

Earmkrêft[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lizzende sithâlding op de earmkrêfthânfytsen (Arm Power Bikes) soarget derfoar dat de hânfyts fanút de skouders en earmen beweegd wurdt. De sit is efteroer en mei de fuotten nei foaren. Dizze hânfytsen wurde yn it wedstriidsirkwy brûkt troch fytsers dy't klassifisearre binne yn de klassen H1 oant en mei H3. [1][2]

Earm-rompkrêft[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De knibbelsithâlding fan de earm-rompkrêfthânfytsen (Arm Trunk Power) soarget derfoar dat de hânfyts fanút de romp, skouders en earmen oandreaun wurdt. De sit is foaroer, op 'e knibbels. Yn sa'n sithâlding kin de folsleine romp brûkt wurde foar de oandriuwing. Sokke hânfytsen wurde yn it wedstriidsirkwy brûkt troch fytsers yn de H4 klasse. [3][4]

De elektryske hânfyts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De elektryske hânfyts wurdt troch in elektromotor op gong brocht soms as traapûndersteuning en soms as een soarte fan brommer. Meastal is de elektryske hânfyts een oankeppelhânfyts. Mei in elektryske hânfyts kin maksimaal sa'n 20 km yn de oere riden wurde.

ATB-hânfyts[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ATB-hânfyts, ek wol mountain(hân)fyts en off road hânfyts neamd, is geskikt foar it fytsen op ûngelikense rûge net ferhurde paden. De ATB-hânfyts is meastentiids in fêstframe-hânfyts en hat dikke bannen mei in djip profyl.

Regels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In hânfyts is in fyts; in fytser dy't gebrûk makket fan de hannen moat him oan de foar fytsers jildende ferkearsregels hâlde. In fêstframe-hânfyts falt kwa fergoedingen ûnder de sportrolstoelen omdat dit soarte fan hânfytsen foaral foar de sport en langere toertochten brûkt wurde. Mar yn it ferkear moatte se harren ek oan de foar de fytser jildende regels hâlde. Dêrom heart in hânfyts, lykas ek gewoane fytsen wêr mooglik dêlsetten wurde op de dêrfoar ornearre plakken. Ek heart in hânfytser by it ôfslaan in signaal mei de earm te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) handbiken.nl classificatie voor handbikers
  2. (ned) DoublePerformance.nl Arm Power
  3. (ned) handbiken.nl classificatie voor handbikers
  4. (ned) DoublePerformance.nl Arm Trunk Power