Gunnar Berg (skilder)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Selsportret

Gunnar Berg (Svolvær, Lofoten, 21 maaie 186323 desimber 1893) wie in Noarsk keunstskilder dy't ferneamd is fan it skilderjen fan syn bertegrûn, de Lofoten. Hy wie earst keapman, mar waard letter keunstner.

Berg studearre earst oan de keunstakademy yn Düsseldorf, Dútslân. Fan 1883 oant syn dea hat Berg studearre en arbeide yn Düsseldorf en Berlyn. Berg wie thús yn Svolvær yn it fiskseizoen op de Lofoten. Hy skildere dan sênes út syn bertestêd, Noardlânske boaten, fiskers, bergen en de see. Syn skilderijen fan it deistich libben fan de fiskers binne memorabel.

It oer it generaal meast wurdearre wurk is Trollfjordslagetin ôfbylding fan de Slach fan Trollfjord; it hinget yn it stedhûs fan Svolvær.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Gunnar Berg fan Wikimedia Commons.