Guadiana

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De rin fan de Guadiana op it Iberysk Skiereilân
De Guadiana by Mérida

De Guadiana (Rio Guadiana) is de op trije nei grutste fan it Iberysk Skiereilân, nei de Taach, de Douro en de Ebro. Yn de Romeinske tiid hjitte de stream Anas, dêr't de Arabyske bewenners fan de krite letter Wādī Yānah (وادي يانة) fan makken.

Sy ûntspringt yn it easten fan de autonome regio Andalusië yn Spanje en mûnet út op de grins fan dy regio en it Portugeeske Algarve yn de Atlantyske Oseaan. Sy is 744 km lang en foarmet in part fan de grins tusken en Portugal. Underweis rint de rivier troch de Spaanske stêden Mérida en Badajoz.

Mûning fan de Guadiana yn de Atlantyske Oseaan, lofts Portugal, rjochts Spanje

De Guadiana is foar de skipfeart te befarren oant Mértola yn Portugal. De rivier wurdt fuorre troch in grut tal rivierkes dy't simmers meast droechstean, fanwege brekme oan rein en de simmerske hjitte yn dy krite (yn Amareleja yn Portugal waard 2003 17 dagen efterelkoar mear as 40 °C metten, mei in absolút maksimum fan 47,3 °C begjin augustus). Tegearre mei de delling fan de Guadalquivir is it sels de hjitste krite fan Europa. Nettsjinsteande de droechte is it ek ien fan meast ûnoantaaste en rykste dielen fan it Iberysk Skiereilân en is der fan Badajoz oant de mûning by Vila Real de Santo António en Ayamonte sprake fan in benei oaniensletten en unyk natuergebiet.

De droecht hat lykwols ek laat ta de bou fan ferskate keardammen foar yrrigaasje dat net te'n goede oan de natuer kaam is. Protesten fan natuerleafhawwers en ferienings hat de bou fan de dammen net keare kinnen. De enoarme Alquevadaam yn Portugal ûnder Moura wie begjin 2002 klear. De daam hat soarge foar de grutste opslachmar fan Europa (250 km²).

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]