Grutte of Sint-Nikolaastsjerke (Eemnes)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
Hasselaer-sark

De herfoarme Grutte of Sint-Nikolaastsjerke stiet oan de Kerkstraat 16 yn Eemnes. De earste tsjerke op dit stee wie in net-wijde houten tsjerke. Dizze waard boud yn de saneamde East-Hollânske tiid (± 1346). Biskop Jan fan Arkel sloopte dizze tsjerke yn 1348. Yn 1352 krige Eemnes stedsrjochten en ek fergunning om in stienen tsjerke te bouwen, wijd oan de hillige Nikolaas. Oannomd wurdt dat de tsjerke om 1382 klear is, omdat yn dat jier de earste deade yn de tsjerke begroeven wurdt. Yn 1481 wurdt de tsjerke plondere en yn de brân stutsen. Yn 1521 krige de toer syn hjoeddeiske foarm. De tsjerke krige syn besteande uterlik pas yn it begjin fan de 17e iuw, neidat de Spanjerts de tsjerke yn 1574 ferwoaste hienen. Nei meardere restauraasjes yn de 20e iuw waard de toer yn dy perioade 1953-1958 yngreven restaurearre.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke binne tsjen:

  • in trijetal wandboerden:
    • Apostoalyske Leauwensbelidenis út 1612
    • Tsien geboaden út 1607
    • Lêste Jûnsmiel út 1797
  • oan de noardside in Ambachtshearenbank út 1714.
  • Doopstek út 1649 fioaryn
  • preekstoel út 1604 mei as opskrift: Pietergen Gerbrands weduwe zaliger wert dit gefondeert tot memorie uit 1618
  • koarhikke mei houtsnijwurk

Yn it koar fan de tsjerke binne grêfmonuminten fan de ambachtshearen fan Naamen en Hasselaar, de lêste mei rouboerd. Fierders in 18e-iuwske Kompanjyskiste en twa 18e-iuwske kroanen. Ek is yn 1981 in herinneringsboerd oanbrocht as oantinken oan de ramp dy't Eemnes yn 1481 trof. Hjirop stiet de tekst fan in âld herinneringsboerd dat ein 20e iuw ferdwûn is. Yn de sakristy is noch in ikehouten muorrekast.

Toer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De toer heart ta it type fan de middelgrutte Utertske tuorren en is besibbe oan de tuorren fan Soest, Loenen oan de Fecht, Houten Westbroek en Amerongen. De toer is hast 50 meter heech en de boppeste omloop is op 38 meter. Yn de toer sit in bûten wurking steld oerwurk út 1901 en in liedklok út 1950. De twa klokken út 1753 en 1784 binne yn de Twadde Wrâldoarloch weihelle. Yn it súdlike sydtuorke sit in doopkapeltsje, mei dêrboppe in sel en yn de spits in argyf of skatkeammerke. Oan de bûtenkant is in restaurearre natoerstienen wizerplaat te sjen út 1837.

De toer wurdt beskôge as dien fan de earste tuorren yn Nederlân mei in oerwurk. Dit blykt út it feit dat daliks by de bou yn 1521 yn it mitselwurk rekken hâlden is mei de wizerplaat.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: