Grutte fibula fan Winaam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grutte fibula fan Winaam

De Grutte Fibula fan Winaam ek wol neamd de keningsfibula fan Winaam, is it 7e ieusk topstik út de argeologykolleksje fan it Frysk Museum. De fibula waard eartiids troch de frou fan in wichtige leider of kening droegen.

[bewurkje seksje] De fynst by Winaam

By Winaam, op de terp Tsjitsma, inkele kilometers noardeastlik fan Harns, waarden fan 1991 oant 1993 argeologyske opgravings dien troch de universiteiten fan Grins en Amsterdam. Dat ûndersyk hie ynternasjonaal omtinken fanwege de bysûndere fynsten dy't hjir yn it ferline dien binne. De útkomsten fan it ûndersyk jout oanleiding om te tinken dat Winaam it haadplak west hat fan in Fryske kening.

Nije ôfbylding mei ûntbrekkende stik.

Yn 1953 waard hjir de fuotplaat fûn fan in grutte fibula. De spjelde wie lykwols troch in ploech skansearre en is dêrtroch net mear kompleet. Amateurarcheologen hawwe jierrenlang mei metaaldetektors socht nei de ûntbrekkende dieltsjes.

By opgravings fan de njoggentiger jierren binne de sulveren brêge mei gouden beklaaiing, de knier en dieltjes fan de kopplaat weromfûn. Stikje by stikje koe de spjelde rekonstruearre wurde. Allinnich fan de sierskiif is (noch) neat werom fûn.

In augustus 2009 waard op in ikker by Winaam noch in ûntbrekkend stik fan de fibula werom fûn. It giet om in fragmint fan twa by trije sintimeter dat part wie fan de kopplaat. Troch dizze fûnst is it mooglik wurden om de ôfbylding op de kopplaat te ûntsiferen en docht bliken dat om in ôfbylding giet fan de Fryske oergod Weda flankeare troch twa dierlike helpgeasten.

Al dizze fynsten suggerearje dat Winaam de delsetting west hat fan in ier-midsieusk eallju skaai. Ek de fynst fan in muntstimpel mei de ynskripsje (AUDWULF FRISIA) begjin 2006 docht hiel bot tinken dat de Fryske kening Audulf hjir syn residinsje hie.

[bewurkje seksje] Literatuerferwizing

  • Arnold Carmiggelt, De 'Keningsterp' fan Winaam, (Abcoude-2000).

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen