Grutte Wjerskynflinter

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grutte Wjerskynflinter
Apatura iris.jpeg
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Aureliaflinters (nymhalidae)
soarte
Apatura iris

De Grutte Wjerskynflinter (Apatura iris) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Grutte Wjerskynflinter libbet yn âlde fochtige leafbosken. Ek libje se in groepen in boskjes by rivierkes. Meastal fleant er heech yn de beammen en komt net folle op de grûn. De Grutte Wjerskynflinter wie frij algemien yn grutte parten fan Twinte, de Achterhoek, Mid-Brabân en Súd-Limburch. Tusken 1920 en 1975 bleau de stân likernôch gelyk. Dêrnei is it bot efterútgong. Tsjintwurdich is de flinter in seldsume stânflinter; der binne noch mar 12 oant 15 populaasjes.

Op de reade list stiet de flinter as slim bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | edit source]

De wjukken binne 31 oant 40 mm lang. Op de boppekant fan de foarwjuk stiet in ûnopfallende donker plak by de efterrâne. De mantsjes hawwe in prachtige pearse glâns. De wyfkes binne brún en wat grutter.

Fleantiid[bewurkje seksje | edit source]

De flinter is te sjen fan begjin juny oant ein augustus, foaral tusken 1 en 20 july. De flinter fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | edit source]

De rûp kin ûngefear 40 mm lang wurde. It liif is grien mei giele streken op de sydkant. De kop is hiel bysûnder omdat der twa útstekkende rôze hoarntsjes op sitte. De healwaaks rûpen oerwinterje yn de skors of tûken fan beammen.

De rûp fret fan de Skiere Wylch en de Boskwylch.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]