Greate Wierrum (mole)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grutte Wierum)
De Greate Wierrum yn 2005

De Greate Wierrum is in poldermole yn 'e buorskip Greate Wierrum, by it doarp Lytsewierrum yn de gemeente Littenseradiel.

De Greate Wierrum, dy't yn 1921 boud waard, is mei syn flecht fan 11 meter en 30 blêden ien fan de gruttere Fryske Amerikaanske wynmotors. Hy is fan it type Herkules Metallicus en stiet sawat in kilometer ten suden fan Lytsewierrum oan de Alde Ried, healwei de wei nei Skearnegoutum. De mole, dy't eigendom is fan it Wetterskip Fryslân, is mealree en kin op ôfspraak besichtige wurde. Grutte Wierum is in ryksmonumint.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: