Grutte Wierd

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Wijard Jelckama (± 1490, Boalsert - 30 novimber 1523, Ljouwert), ek wol Grutte Wierd fanwegen syn omfang en krêft, wie in Fryske legindaryske frijheidsstrider. Syn foarnamme wurdt ek wol skreaun as Wierd en Wijerd.

Libben[bewurkje seksje | edit source]

Jelckama waard berne om 1490 hinne, as soan fan de âldere sus fan Grutte Pier, fierders is net in soad bekend oer syn jonge libben. Fan Wijard wurdt sein dat hy in aldermachtigst grutte en sterke feint wie wêrfan syn foarkommen net ûnder died foar dat fan syn ferneamde omke Pier. Jelckama soe 2,15 meter lang west wêze en hy koe in hynder fan 450 kilo op syn skouders huffe.[1]

Doe't yn 1515 Grutte Pier syn striid tsjin de Habsboargers, Saksen en Hollanners úteinsette, sleat Jelckama him ek by it leger fan syn omke oan. Hy waard de ûnderbefelhawwer fan it leger fan Pier, de Arumer Swarte Heap.

Grutte Wierd wie der ek by doe't Grutte Pier oan syn Twadde belegering fan Medemblik begûn yn 1517. Alhoewol't it yn dy jierren noch min ferdigene fêstigingstedsje it swier te lijen krige koene de measte minsken harren yn feiligheid bringe. Doe't Grutte Pear earne yn it tiidrek 1518 - 1520 stoppe mei de striid, naam Wijard it befel fan Pier syn troepen oer.

Wierd focht ek bûten Fryslân foar Gelre. Ek behelle hy noch wol wat oerwinnings, mar lang om let waarden de Fryske frijheidsstriders dochs ferslein en oppakt. Yn 1523 waard fan Grutte Wierd de holle ôfslein. Neffens de ferhalen moast de beul wol fjouwer kear slaan tefoaren earst Jelckama's tige grouwe nekke troch wie.[2] Mei it ferstjearren fan Jelckama kaam in ein oan de opstannen fan Fryslân.

J.J. Kalma[bewurkje seksje | edit source]

Neffens J.J. Kalma, dy't yn syn boek Grutte Pier fan Kimswerd (De Tille, 1970) in haadstik oan Grutte Wierd besteget, kin der twifele wurde oan it feit dat Jelckama al as net in neef fan Grutte Pier west hat. Al kin der mei wissichheid sein wurde dat Grutte Wierd bestien hat, mar it famyljeferbân is neffens Kalma net wis.

It ferneamde Swurd fan Grutte Pier hat neffens Kalma net fan Pier west, mar fan Jelckama. Oer it algemien wurdt oannommen dat it swurd fan Grutte Pier west hat.

Famylje[bewurkje seksje | edit source]

Jelckama hat troud west mei in frommes dy't Fokel hjitte. It eksakte jier fan harren boaskjen is net wis. Fokel oerlibben har man tritich jier, se stoar yn 1553. Fokel en Wijard hienen twa dochters, Bonga (1516-1575) en Fokel (1517-1546) en in soan, Janco Douwes Jelckama (1514-1587).[3]

Pake- en beppesizzers en bernsbernsbern binne bekend. In bernbernsdochter dy't stoar yn 1625 dy't fermoedlik de bloedline fan Jelckama útstjerre.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wijerd Jelckama's decendents, Genealogy.com (sjoen op 14 septimber 2010)
  2. Wijerd Jelckama's decendents, Genealogy.com (sjoen op 14 septimber 2010)
  3. Wijerd Jelckama Family Tree, Genealogy.com (sjoen op 14 septimber 2010)
  4. Wijerd Jelckama's decendents, Genealogy.com (sjoen op 14 septimber 2010)