Grutste Steatsbesyk Ea

Ut Wikipedy
By de keninklike wachtkeamer op it stasjon

It Grutste Steatsbesyk Ea is in kostúmshow. It evenemint waard op 14 juny 2008 foar it earst hâlden yn Utert en in twadde kear op 18 juny 2011 yn Baarn.

Sintraal stiet de skiednis fan 11 Europeeske foarstenhuzen, keizers en hartoginnen, mar ek steedhâlders en ferneamde maîtresses dy't meastentiids foar de ivichheid fêstlein binne yn steatige portretten. Oanlieding ta dit evenemint is om noch ien kear - foardat Paleis Soestdyk in oare bestimming krijt – de tsien froulju dy't yn it paleis wwenne hawwe, foar it fuotljocht te heljen. Dizze 10 froulju wurde beskreaun yn it boek fan Thera Coppens De Tien Vrouwen van Soestdijk 90 Foarsten en Foarstinnen sille mei harren 30 man hofhâlding yn in histoaryske trein oankomme fia de Keninklike wachtkeamer yn stasjon Baarn. Mei 50 koetsen sil it selskip nei Paleis Soestdyk ride dêr't de tsien froulju fan Soestdyk de oaren wolkom hjitte sil. De tocht troch Baarn giet troch de winkelstrjitte en einiget op de Brink, dêr't in grutte presintaasje folge troch de stichting Ald-Oranje en de Stichting Vorstelijk Baarn.

Kostúms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

2008

Foar foarsten wie in kostúm fan belang om harren macht te toanen. Foarsten lieten har dêrnei op portret ôfbyldzje om de macht noch mear glâns te jaan. De stichting Ald-Oranje makket mei it presintearjen in histoaryske kostúmsjo in ferbining tusken de kostúms, harren histoaryske betsjutting en maatskiplike kontekst. Soms is it kostúm in krekte kopy fan in skilderij, lykas by Elisabeth I fan Ingelân of Filips II fan Spanje, mar soms is soks net mooglik. Dan moat in histoaryske ynterpretaasje jûn wurde. De kostúms wurde makke troch Louis Scheffer en Else Gerritsen, bystien troch in tal frijwilligers. Louis Scheffer hat in soad teaterklean ûntwurpen en Else Gerritsen hat troch har museale eftergrûn by it Drintsk Museum ynsjoch yn de histoaryske aspekten. By it Grutste Steatsbesyk wienen mear as hûndert kostúms te sjen.

Froulju fan Soestdyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Benammen de froulju hawwe in grutterol spile op Paleis Soestdyk. De earste dame wie de Amsterdamse boargemastersfrou Catharina Hooft dy't fan de boerehofstee Soestdyk in lusthof makke, dy't útgroeide nei in bûtenpleats foar steedhâlders en keningen út it Hûs fan Oranje-Nassau. Mei ûnder oare de Ingelske prinsesse en lettere keninginne fan Ingelân Mary Stuart, de Dútske prinsesse Maria Louise fan Hessen-Kassel (Marijke-meu), de Ingelske prinsese Anna fan Hannover binne it ynfloedrike froulju dy't de septer swaaiden yn Paleis Soestdyk.

10 Froulju ûntfange 80 foarsten en foarstinnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsien froulju op it bordes
2008

De tsien froulju fan Soestdyk ûntgongen op 18 juny 2011 de foarsten en foarstinnen fan it Grytste Staatsbesyk Ea. Ek histoaryske en maatskiplike tema's kamen oan de oarder. Sa is der omtinken foar dit besyk fan keizer Napoleon oan Baarn krekt 200 jier dêrfoar. Mar ek de Frede fan Utert yn 1713 spile in grutte rol: Foarstenhuzen fan Europa fochten oarloggen út, trouden mei elkoat om machtsblokken te foarmjen, gienen ûnderlinge bûnskippen oan en slueten fredesferdraggen. Soks hie grutte ynfloed op it gewoane folk en it maatskiplike libben.

De 10 froulju fan Soestdyk

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: