Grutskens fan Afrika

Ut Wikipedy
De Pride of African parkearre op de brêge oer de Fiktoariawetterfallen

De Grutskens fan Afrika ('Pride of Africa') is in tige lúkse trein dy't eksploitearre wurdt troch Rovos Rail. Hy jildt as de 'Meast Lúkse Trein yn 'e Wrâld'. De trein rydt troch Súd Afrika, Simbabwe, Sambia en Tanzania.

De trein hat de styl fan de klassike lúkse treinen út de tweintiger jierren fan de 20e iuw. Op trajekten dêr't stienkoal en wetter ta foldwaan is, wurdt de trein lutsen troch stoomlokomotiven en oars binne it elektro- of disellokomotiven.

De trein stoppet op plakken dy't foar toeristen nijsgjirrich binne. Yn 2009 binne trije tochten makke fan Kaapstêd nei Dar es Salaam. De trein docht der mei in noflike faasje sa'n 14 dagen oer. Yn it earste jier fan syn bestean bleau de trein ienris leech.

Rovos rail waard oprjochte yn 1989.

Plakken dêr't stoppe wurdt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fiktoariawetterfallen, op de foargrûn de spoarbrêge tusken Sambia en Simbabwe

Súd Afrika[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simbabwe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sambia[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tanzania[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]