Grou (wetter)

Ut Wikipedy
De Krûme Grou yn de iere maaitiid

De Grou is in âld rivierke dat earder tegearre mei de Boarn fia wat tsjintwurdich de Mûzel is, útmûne yn de Middelsee.

De Grou rint fan de Pikmar by it doarp Grou nei de Jirnsummer Syl en leit yn de gemeente Ljouwert. It earste stik fan Grou ôf rekkene, oant it Swin, wurdt de Rjochte Grou neamd, it lêste stik, fanwege it sterke meänderjen, de Krûme Grou.

Om't sûnt de oanlis fan de Alde Wjittering yn stee fan it wetter fan de Boarn, it wetter fan de Grou troch it Rak fan Ungemak rint, binne der minsken dy't dit by de Grou rekkenje, sa't dy dan einiget by Aldskou.

Ear't it Prinses Margrietkanaal groeven waard, wie de Grou de ferbining tusken Eastergoa en de Wâlden. Dit gou net allinnich foar de skipfeart, ek it grutste part fan it wetter út Eastergoa, wettere ôf fia de Grou.