Gros Ventre (rivier)

Ut Wikipedy
Gros Ventre
geografy
lân Feriene Steaten
steat Wyoming
ûntspringt yn Gros Ventre-wyldernis
mûnet út yn Snake (rivier)
sifers
lingte 120 km

De rivier de Gros Ventre (útspr.: [ɡɹou vɑ:nt] of [ɡɹou vɔ:nt]) is in rom 120 km lange sydstream fan 'e rivier de Snake, yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Wyoming. De namme is ôflaat fan 'e Gro Wânt-Yndianen (Ingelsk: Gros Ventre), wa har namme oft yn it Frânsk "grutbuken" of "rûnbuken" betsjut.

De rivier de Gros Ventre ûntspringt yn 'e Gros Ventre-wyldernis yn westlik Wyoming en floeit gear mei de Snake yn 'e Jackson Hole-delling. De Gros Ventre stiet oer syn hiele lingte bekend as in treflik plak foar angeljen, benammen nei forel. De rivierseigen forel is sa'n 30 oant 40 sm lang, mei útsjitters fan wol 50 sm.

Yn 1925 waard de rivier troch de massive Gros Ventre-ierdferskowing ôfdame, mei as gefolch dat der in mar, it Lower Slide Lake, foarme waard. Twa jier letter, yn 1927, beswiek dy natuerlike wetterkearing ûnder it gewicht fan it gearrûne wetter, mei rampsillige gefolgen foar it stedsje Kelly, dat streamôf lei en der doe alhiel ûnder strûpte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.