Grutte Tsjaryt

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Groote Tjariet)
De Grutte Tsjaryt fanôf de Slieperdyk. Oan de kimen is de Eemshaven te sjen
De "Tsja Ryt" en de "Grutte Tsja Ryt" op in kaart fan de eardere gemeente Uithuistermeeden út 1867.

De Grutte Tsjaryt (ek: Tjaryt) is in rivier yn it noarden fan Grinslân, dy't sjoen wurde kin as de fan oarsprong bûtendykske fuortsetting fan de Fivel. Dy lêste is fersâne. De Tsjaryt bleau bestean om reden fan syn grutte betsjutting foar de ôfwettering fan de omkriten.

Tja komt fan tia en betsjut grins.[1] De Grutte Tsjaryt is dan ek de bûtendykske grins tusken Fivelgoa en Hunzegoa. De yndykske grins is de groeven wettergong Maarflyt.

De Tsjaryt is ek in taalgrins. K. ter Laan[2] meldt dat westlik dêrfan wiend, kiend, spient, oap (aap) en hond sein wurdt en beëasten wind, kind, spint, hoap en ond. Fierders skriuwt er dat it ek de skieding is tusken it sliepen ûnder tekkens (bewesten) en it sliepen ûnder dekbêden (beëasten).

Oan de Grutte Tsjaryt, eastlik fan it doarp Eastein, stie yn de Frânske tiid in tolhûs, dêr't oranjerats iten wurde koe. It hûs op dit steed en de wei derlâns hjitte noch altiten Wortelpot. Wat fierder streamôf, op de hichte fan it doarp Oudeschip, lei in pomp mei de namme Tjapomp.

Súdeast fan de Grutte Tsjaryt rint in lytse wetterrin mei de namme Lytse Tsjaryt of Lutje Riet, in fuortsetting fan de hielendal ferdwûne rivier de Korrel.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tja komt ek foar as namme fan de wetterrin de Tsjamme en in de plaknamme Tsjamsweer
  2. K. ter Laan: Nieuw Grinslanner Wurdboek, 1929.