Grinzer sykte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Esculaap4.svg     Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

De Grinzer sykte (ek wol ‘tussenpozende koortsen’ neamd) dy't yn 1826 útbriek wie in malariaepidemy dy't hast 10% fan de befolking fan Grins (totaal 2.844 minsken) it libben koste.

Yn febrewaris 1825 wiene der ferskate dyktrochbrekken, dat it lân strûpte ûnder. It rotsjen fan planten en kadavers yn it sompich lân, tegearre mei it trochbraken fan de Rietdijk yn Grins yn 1826 –dy't de stêd blank sette- soarge yn de hjitte maitiid en simmer fan 1826 foar in gaadlike fiedingsboaiem foar de parasiten dy't de sykte ferspriede soene.

De sykte soe him net allinne yn Grins en omkriten oppenearje, mar ek Fryslân en de Dútske Waadkriten waarden rekke. Yn Snits telde men trije kear safolle deaden as oars yn 1826.

Gefolgen[bewurkje seksje | edit source]

  • It grutte tal deaden die de Ried fan de Martinitsjerke yn Grins besluten om by begraffenissen net mear te kloklieden, omdat dit in negatyf effekt op de minsken hawwe soe.
  • De diskusje oer it begraven fan deaden yn tsjerke en tsjerkhôf yn'e stêd lôge wer op nei dizze epidemy. In protte medisy en bestjoerders wiene fan betinken, dat begraafplakken yn de stêd grutte boarnen fan besmetting foarmen. De stêd Grins gie mei dêrom yn 1827 oer ta de oanlis fan it Suder- en Noarderbegraafplak.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: