Grienskonk

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Grienskonk
Common Greenshank I IMG 1611.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Snipfûgels (Scolopacidae)
soarte
Tringa nebularia

De Grienskonk (Tringa nebularia) is in fûgel út de famylje fan de Snipfûgels (Scolopacidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

In folwoeksen Grienskonk wurdt sa'n 35 sm. grut, krekt wat grutter as de Tsjirk. De wjukspanwiidte is sa'n 70 sm en de fûgel waacht in 280 gram. De fûgel hat griisgriene poatten en in lange snaffel dy't krekt in bytsje nei boppe bûget. De boppekant fan de fûgel hat griisbrune fearren, de ûnderkant is in stik ljochter, hast wyt fan kleur. De Grienskonk kin ek swemme en dûke, dit lêst dogge se benammen at se achternei sitten wurde troch in rôffûgel.

Fersprieding[bewurkje seksje | edit source]

De Grienskonk libbet benammen yn ûndjip wetter sa as sompen, marren en rivieren yn it noarden fan Jeropa, útsein Yslân. By't winterdei lûke guon fûgels nei West en Súd-Jeropa, de measten oerwinterje lykwols yn de tropen.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Grienskonk yt wjirms, kreeften en ynsekten en harren larven. Ut en troch pakt er mei syn lange snaffel ek wol lytse fiskjes út it ûndippe wetter.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De briedtiid is fan maaie oant july. It nêst is in kûltsje op de grûn mei wat plantemateriaal oanklaait. It wyfke leit fjouwer 5 sm. grutte aaien, dy't troch de beide âlden sa'n 24 as 25 dagen bebret wurde. De jongen ferlitte fuortendaliks de earste dei al it nêst.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Tringa nebularia en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.