Grienjurkje

Ut Wikipedy
grienjurkje
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje reachwjukflinters (Lycaenidae)
skaai elfkes (Callophrys)
soarte
Callophrys rubi
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

It grienjurkje (Callophrys rubi) is in flintersoarte yn it skaai fan de elfkes (Callophrys).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grienjurkje kin lokaal yn grutte oantallen foarkomme. Mar der binne ek parten fan Nederlân dêr't er minder talryk is, benammen yn Noard- en West-Nederlân. Grienjurkjes hâlde fan skrale greiden. Ek binne se faak te finen op de heide. It is in frij honkfêste soart.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wjuklingte is ûngefear 14 mm. By flinters dy't oan 'e ein fan harren libben sitte is de griene kleur dy't se op de ûnderkant fan de wjuk hawwe ferdwûn.

Fljochtiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter fljocht fan ein april ôf oant heal augustus. Foaral tusken 1 en 15 juny. De flinter fljocht altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is heldergrien mei skeane giele streken der oerhinne. It liif is bedutsen mei lytse hierkes. De rûp groeit yn de foarsimmer. De flinter oerwinteret yn syn pop. Hy is dan al hielendal ûntwikkele mar bliuwt yn de pop oant de omstannichheden goed binne.

De rûp fret fan de hulst, blebberbei en heideplanten lykas skrobberheide.

Ofbyldings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]