Great Plains
Ut Wikipedy
De Great Plains yn Nebraska
De Great Plains (letterlik Grutte flakten) is de grutte prairygebiet fan de Feriene Steaten en Kanada dat eastlik fan de Rocky Mountains leit. Eartiids libben dêr de Amerikaanske bizons en Yndiaanske stammen krektas de Blackfeet, Krow, Siouks, Cheyenne, Arapaho en Comanche. Der wurdt ûnderskied makke yn de noardlike en de súdlike Plains fanwege it ferskil yn klimaat en lânskip. Neidat de blanken de bizon sa goed as útroege hienen en de Yndianen ferballe wienen nei reservaten, waarden de flakten foaral brûke om keppels fee te weidzjen. Ek is it de "Nôtskuorre" fan 'e Feriene Steaten, dêr't dizze regio ien fan 'e grutste weetprodusinten fan 'e wrâld is.