Grand Slam (bom)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Grand Slam
In Grand Slambom yn it RAF-museum, Londen

De Grand Slam wie in 10.000 kg swiere fleantúchbom ('ierdskoddingsbom') dy't yn de Twadde Wrâldkriich troch de Royal Air Force brûkt waard foar it bombardearjen fan strategyske doelen. De bom wie feitlik in fergrutte ferzje fan de Tallboy en wie mear neffens it ûntwerp dat Barnes Wallis, betinker fan beide bommen', oarspronklik yn de holle hie.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De ûntjouwing fan in gruttere ferzje fan de Tallboy waard mei úteinset op 18 july 1943. Lykas de Tallboy, hie de Grand Slam ek sturtfinnen foar it stabilisearjen fan de flecht fan de bom.[1] Teffens hie de bom in dikker omhulsel as standerdbommen, sadat de bom mear penetraasjekrêft krige.

It meitsjen fan in Grand Slam duorre minstens in moanne, omdat de raande Torpex sa lang ôfkuolje moast neidat it in winske foarm getten wie. Dat de produksje fan de bommen wie leech en der waard sunich mei omgien. Fleanmasines mochten eventuele Grand Slam-bommen dy't sy nei in bombardemint noch oan board hienen net foar de lâning yn de see smite, sa't oars wol wenst wie.[2]

Krekt as de Tallboy wie de Grand Slam net ûntwurpen om betonnen dakken te trochbrekken; de bom foel geregeldwei út elkoar of eksplodearre te betiid by it bombardearjen fan bunkers en oare betonnen gebouwen.[3] Dochs wie de bom effisjinter as de al besteande modellen. De Grand Slam waard fral brûkt foar bombardeminten dy't útfierd waarden mei in Avro Lancaster B.Mk 1 (Special) bommesmiter. De bom koe yn syn fal in snelheid fan 320 m/s berikke en him djip yn de grûn boare eardat er ûntplofte.[4] Dêrtroch waard it fûnemint fan it doel faal slim ûndermine en koe in soad skea ûntstean.

Totaal waarden der 42 Grand Slams brûkt by bombardeminten.[5]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. English Bombs of WWII yn Canadian Aces; sjoen 2008-02-25
  2. Flower "Bombs", s.335
  3. Flower "Bombs", s.375.
  4. Kharin, Kuzmina, Danilova, 22 Septimber 1972; Ground Vibrations during Camouflet Blasts, útj. Foreign Technology Division
  5. Flower "Bombs", Appendix 4.