Grand Theft Auto

Ut Wikipedy
Logo fan Grand Theft Auto
Reclame foar GTA IV

Grand Theft Auto is in rige fideospultsjes makke troch Rockstar North (foarhinne DMA Design) yn produksje fan Rockstar Games. De earste ferzje kaam út yn 1997. De earste ferzje is yn de iere njoggentiger jierren útbrocht; dêrfoar kamen ek noch twa applikaasjes dy't Grand Theft Auto: Londen, 1969 en Grand Theft Auto: Londen, 1961 hite, dy't yn de sechtiger jierren ôfspylje. It twadde diel krige de namme Grand Theft Auto 2.

De nije GTA's wienen makke yn 3D; dat hat ynfloed hân op it spyljen fan it spultsje. De earste yn de GTA 3D rige, mei de namme Grand Theft Auto III, spile him ôf yn de stêd Liberty City, in firtueel fermidden dat in protte oerienkomsten hie mei New York. Dêrnei kaam Grand Theft Auto: Vice City út; dat spultsje spilet him ôf yn Vice City, it Miamy fan de tachtiger jierren. De lêste ferzje is Grand Theft Auto: San Andreas dy't him ôfspile yn de steat San Andreas mei de trije haadstêden Los Santos (Los Angeles), San Fierro (San Francisco) en Las Venturas (Las Vegas). Dy lêste ferzje hat in ferbettering west yn ferliking mei de oare GTA's omdat it gebiet folle grutter wie.

Grand Theft Auto IV waard offisjeel kundich makke by de Microsoft 2006 E³ parsekonferinsje op 10 maaie 2006. Oarspronklik soe GTA IV op 16 oktober 2007 útkomme, mar it kaam úteinlik 29 april 2008 op 'e merk, spylber op de Xbox 360 en PlayStation 3. Op 'e nij spilet it spultsje him ôf yn Liberty City, mar Liberty City liket yn dizze nije ferzje folle persizer op New York.

Grand Theft Auto V kaam op 17 septimber 2013 út foar PlayStation 3 en Xbox 360. It spul is foar de PlayStation 4 en Xbox One op 18 novimber 2014 útkaam; de Windows-ferzje kaam op 14 april 2015 út. Op 15 maart 2022 waard it spul útjûn foar de PlayStation 5 en Xbox Series X|S.

Der hat in soad opskuor west oer Grand Theft Auto, dat neffens guon ekstreem gewelddiedich wêze soe en minsken der ta oansette soe oaren te fermoardzjen.

Grand Theft Auto VI[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oankundiging[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei jierren fan geroften en spekulaasjes befêstige Rockstar Games begjin febrewaris 2022 dwaande te wêzen mei de ûntwikkeling fan in nij part yn GTA-searje. Begjin novimber 2023 waard de earste oankundiging fan de earste trailer dien. Op tiisdei 5 desimber 0:10 oere (MET) waard GTA VI offsjeel oankundige mei de earste trailer. Oarspronklik stie dizze trailer pland om 15.00 oere, mar waard earder online set, omdat dêrfoar in ferzje fan lege kwaliteit lekt wie.

Ferwachte wurdt dat de game yn 2025 beskikber is foar PlayStation 5 en Xbox Series.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]