Gran Rio (Suriname)

Ut Wikipedy

De Gran Rio (útsprekke as Gaan-lio, betsjut "Grutte Rivier"), is in rivier dy't yn it ynlân fan Suriname ûntspringt, yn it distrikt Sipaliwini. De rivier streamt oant yn Djûmû dêr't er gearrint mei de Pikin Rio en fierder rint as Surinamerivier.

Wêr't de Gran Rio krekt ûntspringt is net dudlik, mar yn alle gefallen yn it eastlik part fan it Eilerts De Haan Nature Preserve, yn it Eilerts de Haanberchtme.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skipfeart[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gran Rio is net befarber foar grutte boaten, mei't er net djip genôch is en der in soad rotsen yn de rivier lizze. Korjalen kinne de rivier lykwols wol foar in diel befarre. Dy wurde brûkt troch de Marrons, dy't oan de iggen fan de rivier wenje.

Oar ekonomysk belang[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Gran Rio is fral fan ekonomysk belang foar de Marrons, dy't him brûke foar yrrigaasje, ferfier (mei korjalen) en fiskerij. Fierder is dizze rivier fan belang foar de Surinamerivier, mei't de Gran Rio in wichtige wetterleveransier foar de Suriname is.