Grakkus

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Grakkus (Latyn: Gracchus) is de namme fan in famylje yn it âlde Rome, út it wichtige laach fan de "Sempronii" dêr't de steatslju Tibearius Semproanius Grakkus en syn jongere broer Gajus Semproanius Grakkus ta hearden. As folkstribuun woenen beiden de Romeinske Republyk herfoarme troch agraryske en sosjale feroaringen yn te fieren. De bruorren slaggen net yn harren opset, mar harren optreden joech op langere termyn wol de oanset ta de boargerkrigen yn de 1e ieu f. Kr. dy't late ta de ûndergong fan it Senaatsbewâld fan de republyk.