Graham Swift
Graham Colin Swift (Londen, 4 maaie 1949) is in bekend Britsk skriuwer. Hy is berne yn Londen, Ingelân en studearre oan it Dulwich College, Londen, Queens' College, Cambridge, en letter oan de Universiteit fan York. Hy wie in goede freon fan Ted Hughes[1].
Ynhâld |
Wurk [bewurkje seksje]
Swift jildt op't heden as ien fan de wichtige Britske skriuwers. Syn wurk is yn mear as tweintich talen oerset en hat in stikmannich prizen opsmiten. De romans Waterland (1983) en Laatste ronde (1996),hearre ta syn meast bekende wurk, beide binne ek ferfilme.
In sintraal tema yn Swifts wurk is de funksje fan de herinnering, sawol yn it libben fan els minske as fan it kollektyf en har ferhâlding ta de skiednis. Swifts persoanaazjes sitte faak yn de hjerst fan harren libben en besykje troch yngeand werom te sjen, djip yn it ûnthâld te dollen en te bespegeljen, allerhande foarfallen (dy't faak yn earsten net folle om'e hakken lykje te hawwen) te begripen en te hifkjen om dan de balâns fan harren libben op te meitsjen.
Swift brûkt yn in protte fan syn wurk in a-gronologyske ferteltechnyk.
Romans [bewurkje seksje]
- The Sweet-Shop Owner (1980)
- Shuttlecock (1982), winner fan de Geoffrey Faber Memorial Prize yn 1983
- Waterland (1983), ferfilme
- Out of This World (1988)
- Ever After 1992)
- Last Orders (1996), winner fan de Booker Prize 1996, ferfilme
- The Light of Day (2003)
- Tomorrow (2007)
- Making an Elephant: Writing from Within (2009)
- Wish You Were Here (2011)
Koart ferhaal [bewurkje seksje]
Literatuer [bewurkje seksje]
- David Malcolm: Understanding Graham Swift. - Columbia SC : University Press, 2003. - ISBN 1-57003-515-6
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
- 2007 audio ynterview mei Graham Swift oer it tema fan 'The Light of Day', ûnder lieding fan John Mullan