Graham Norton
Graham William Walker (Dublin, 4 april 1963)[1], bekend ûnder syn artystenamme Graham Norton, is in Ierske akteur, komyk en televyzjepresintator.
Hy waard bekend as programmamakker op it Britske Channel 4 en troch syn rol as preester Noel Furlong yn de Ierske televyzjesearje Father Ted. Hoewol't er mar yn trije ôfleverings te sjen wie, wie er tige populêr by de sjoggers. Nei Channel 4 hat Norton in soad wurk ferset foar de BBC, mei programma's op BBC 1, BBC 2 en BBC Radio 2. By it grutte publyk is er bekend as presintator fan de Graham Norton Show. Norton is ek mei-eigner fan SO Television, de produksjemaatskippij fan syn televyzjeprogramma's.
Ynhâld |
Persoanlik[bewurkje seksje]
Norton makket gjin geheim fan syn homoseksualiteit.[2]
Norton hat te lijen fan vitiligo, in hûdsykte.[3]
Yn 1988 waard er oanfallen, yn it boarst stutsen en foar dea op strjitte efterlitten.[4]
Norton feroarsake striderij op 7 oktober 2006, doe't er ekstasy as "fantastic" oanpriizge.[5]
Prizen[bewurkje seksje]
- 1999: Gaytime awards - Gay Entertainer of the Year
- 2000: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton
- 2001: RTS Television Award - Bêste presintator foar So Graham Norton
- 2001: TRIC Award - TV Persoanlikheid fan it jier
- 2001: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton
- 2002: BAFTA - Bêste optreden foar So Graham Norton
Filmografy[bewurkje seksje]
| 1996-1998 | Father Ted | Pater Noel Furlong | Televyzjerige foar Channel 4 |
| 1998-2002 | So Graham Norton | Presintator | |
| 2002-2003 | V Graham Norton | Presintator | |
| 1999 | Stargay | Graham Solex | Film |
| 2001 | The Kumars at No. 42 | Himsels | Televyzjerige foar BBC |
| 2001 | Rex the Runt: Patio | Stim fan Osvalde Halitosis | Televyzjerige foar BBC |
| 2001 | Rex the Runt: A Crap Day Out | Stim fan de planten | Televyzjerige foar BBC |
| 2002 | Absolutely Fabulous: Gay | Himsels | Televyzjerige foar BBC |
| 2004 | NY Graham Norton | Presintator | |
| 2004-2005 | The Graham Norton Effect | Presintator | |
| 2005- | Graham Norton's Bigger Picture | Presintator | |
| 2005-2007 | Strictly Dance Fever | Presintator | |
| 2006 | How Do You Solve A Problem Like Maria? | Presintator | |
| 2006 | My Lovely Audience | Presintator | |
| 2006 | Another Gay Movie | Mr. Puckov | Film |
| 2006- | The Big Finish | Presintator | |
| 2007 | Robbie the Reindeer in Close Encounters of the Herd Kind | Kompjûterstim | Televyzjerige foar BBC |
| 2007 | Kathy Griffin: My Life on the D-List | Himsels | Televyzjerige foar Picture This! Entertainment |
| 2007 | Who Do You Think You Are? | Himsels | Televyzjerige foar BBC |
| 2007 | When Will I Be Famous? | Presintator | |
| 2007 | British Academy Television Awards | Presintator | |
| 2007 | Any Dream Will Do | Presintator | |
| 2007 | Live Earth-konsert yn Londen | Presintator | |
| 2007 | Eurofyzjedûnsfestival 2007 | Presintator | |
| 2007- | The Graham Norton Show | Presintator | |
| 2008 | The One and Only | Presintator | |
| 2008 | I'd Do Anything | Presintator | |
| 2008 | Eurofyzjedûnsfestival 2008 | Presintator |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|