Grabby Award

Ut Wikipedy
Grabby Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar homoseksuële pornografyske film
útrikt troch Grab Magazine
frekwinsje 1x jiers
plak Chicago (Illinois)
1e útrikking 1999
offisjele webside
www.grabbyawards.com

De Grabby Awards of de Grabbys binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste produkten fan 'e Amerikaanske homoseksuële pornoyndustry. Se besteane sûnt 1999, en de priisútrikking fynt plak yn Chicago.

De Grabby Awards komme fuort út 'e Adult Erotic Gay Video Awards, dy't tusken 1991 en 1998 bestiene. Se waarden oprjochte en jierrenlang organisearre troch it blêd Gay Chicago Magazine, mar yn 2009 besleat dat dermei te stopjen. Sûnt wurde de prizen organisearre troch it twawyklikse tydskrift Grab Magazine, dat himsels omskriuwt as "Chicago's meast foaroansteande LGTB-útjefte". Publykrjochtlik binne sawol de Grabby Awards as Grab Magazine ûnderbrocht yn 'e holding Grabbys, LLC.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.