Goudtoefke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Goudtûfke)
goudtoefke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje goudtoefkes (Regulidae)
skaai echte goudtoefkes (Regulus)
soarte
Regulus regulus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

It goudtoefke (Latyn: Regulus regulus) is de lytste fûgel dy't yn Jeropa foarkomt. De namme goudtúfke wurdt ek wol brûkt.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goudtoefkes waarden fanâlds altiten by de sjongers yndield, mar tsjintwurdich wurde se faak yn in aparte famylje (Regulidae) set.
De goudtoefkes op de Kanaryske Eilannen, earder in ûndersoarte fan de goudtoefkes, wurde tsjintwurdich as aparte soarte sjoen, it Teneryfgoudtoefke (Regulus teneriffae).

It goudtoefke fan boppe sjoen.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It goudtoefke is likernôch 9 sm grut en is de lytste fûgel fan Europa, it fûgeltsje hat in gewicht tusken de fjouwer en sân gram. It meast opfallende merkteken is de streek op syn krún. Dy is by de mantsjes oranje en hat by de wyfkes wat mear in giele kleur en hat oan beide siden in swarte streek der bydel. It Fjoertoefke hat lykwols in gelikense krúnstreek sadat se dermei betize wurde kinne, mar it Fjoertoefke hat in dúdliker tekening op de sydkant fan de kop rûnom de eagen. De fearren oan de boppekant binne gielbrún, de wjukken binne donkerder mei in wite wjukstreek. Fierder binne Goudtoefkes opfallend drokke fûgels dy't hast net stilsitte.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goudtoefkes binne it meast yn de bosken te finen, foaral nullebosken. Winterdeis komme se ek wol by de minsken yn de tún en op de foertafel. Se komme foar yn Noard- en Midden-Jeropa en parten fan Aazje. De fûgels yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet binne trekfûgels dy't meast yn it suden fan Jeropa oerwinterje.

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

goudtoefkes ite ynsekten.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goudtoefkes meitsje in bolfoarmich nêst fan moas dat se oan it útein fan in tûke ophingje, meast heech yn in nullebeam. Meastentiids briede se twa kear, it wyfke leit 7-10 aaien dy't se yn sa'n twa wiken útbret. De jongen fleane nei 16-18 dagen út.