Goudlearbehang

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Goudlear yn Hof van Busleyden

Goudlearbehang is in learen behangsoarte.
It meitsjen fan goudlearbehang wie bewurklik. Earst waarden fellen loaid keallelear mei bledsulver bedekt. Dêrnei kaam der in giele fernis oer, dy't it lear de gouden glâns joech. Neidat der in relief yn parse wie, waarden de eftergrûnen ynkleure. Yn de goudlearkeamer barde dat mei dekkende ferve. De ornaminten yn it lear krigen hjir in ekstra aksint met transparante ferve. As lêste waarden de fellen oan elkoar naaid. De faam fan in goudlearprodusint hong foar in grut part ôf fan de kwaliteit fan syn fernissen. Doe't in Noard-Nederlânske goudlearmakker yn 1628 it patent krige op "ferheven", dat wol sizze: mei in reliefgoudlear kamen nije ûntwerpen yn trek. Blommmotiven, fûgels en putti-figueren.

Yn Amsterdam wienen seker alve bredriuwen, ûnder oare op Rapenburg. Yn 1636 krije Pieter Potter c.s. fergunning ta oprjochting fan in saak bûten de Sint Antonyspoarte. Hans le Maire, al sûnt 1617 yn de stêd fêstige, mei in sulverslagger yn it pân njonken him, ferwurke jierliks 16.000 keallehûden en elke seis wiken 20.000 blêdsjes sulver. In snelle droechtiid wie it bêste en dêrom barde dizze faze fan de bewurking meast yn de simmer. Nederlânsk goudlear, soms ek út Middelburg waard útfierd nei ûnder oare Denemark, Sweden en Sina en Japan. Troch de opkomst fan folle goedkeapere, op doek skildere, behangsels yn de 18e ieu rûn de goudlearniverheid werom. It meitsjen fan goudlear waard "patsen" neamd, in "patser" is noch stees ien dy't oerdreaun mei syn rykdommen pronket.

Yn fjouwer Fryske stedhuzen is goudlear brûkt: Dokkum, Frjentsjer, Snits en Warkum. Goudlear waard yn wenhuzen allinnich oantroffen yn de wenhuzen Princessehof en huzinge Voormeer yn It Mar by It Hearrenfean. It behang út huzinge Voormeer komt mooglik út De Klinze yn Aldtsjerk. De banen binne 78 sm breed en moatte tusken 1755-1780 makke wêze. It behang moat pas yn de 19e ieu yn Voormeer bedarre wêze. Doe wenne dêr Marcus van Heloma dy't troude mei in Maria fan Sminia. Maria kaam sels net fan De Klinze, mar hie wol nauwe bannen mei de Fan Sminia's.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: