Goudkust (gebiet)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Ingelske kaart fan de Goudkust, 1896

De Goudkust is it kustgebiet fan it hjoeddeiske Gana, oan de Baai fan Benyn, dêr't eartiids in protte forten boud binne fanwege de slavehannel. Ek de Westyndyske Kompanjy (WIC) hat dêr in protte forten feroverje kinnen. De meast wichtige forten wienen Elmina en Akkra. oare lannen mei forten oan de Goudkust wienen: Frankryk, Denemark, Sweden, Feriene Keninkryk en Brandenboarch. De Goudkust lei be-easten fan de Ivoarkust en bewesten fan de Slavekust.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

De earste Europeanen dy't it gebiet besochten wiene de Portugezen yn 1471; sy bouden dêr om 1590 har earste forten dêr. It earste fort wie San Sebastian, yn 1458. Letter hawwe Nederlanners, Ingelsen, Sweden, Denen, Dútsers, Frânsen en Koerlanners forten ferovere en sels ek nije set. Hast al dy forten waarden brûkt om slaven te sammeljen en fêst te setter om dy letter nei Amearika te ferfieren, dêr't sy it swiere wurk dwaan moasten.

Nederlânske forten[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1637 ferovereve Johan Maurits fan Nassau-Dietz it fort (São Jorge d') Elmina op de Portugezen. Dat gong lykwols ner samar; it wie al trije kear earder besocht. Yn de neikommende ieuwen soe Elmina ien fan sintrums fan de slavehannel fan de Westyndyske Kompanjy wêze. Neist Elmina hienen de Nederlanners noch in tal faktorijen oan de Goudkust. Dit gebied moet niet verward worden met De oanswettende Slavekust hie de WIC ek forten en faktorijen.

De forten dy't yn Nederlânske hannen west hawwe binne:

De WIC brûkte dy forten foar de hannel in tal fan saken mei de lânseigen befolking, mar fral ek om slaven út it binnenlân te heljen dy't letter op de slavemerk fan Curaçao bedarren. Dêr waarden se kocht troch hannelers, dy't se ûnder oaren yn Suriname wer oan plantaazjehâlders ferkochten.

Under it Sumatra Ferdrach fan 6 april 1871 waarden de Nederlânske faktorijen oan de Goudkust foar 47.000 gûne oan de Britten ferkocht. Yn ruil dêrfoar waard Nederlân fersekere dat de Britten har net bemuoie soenen mei it Nederlânsk besykjen om Atjeh yn it noarden fan Sumatra te feroverjen.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Fierder lêze[bewurkje seksje | edit source]

  • Arthur Japin, De zwarte met het witte hart, roman. Uitg. Arbeiders pers,ISBN 90-295-2288-7