Gouden Koets (Nederlân)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

De Gouden Koets is de koets dêr't de Nederlânske kening of keninginne elk jier op Prinskesdei mei nei de Ridderseal fan it Binnenhof yn De Haach rydt om de troanrede út te sprekken.

De Gouden Koets is net fan massyf goud, mar fan Javaansk teakhout. Dielen derfan binne beklaaid mei blêdgoud. It reau is boud yn Hollânske renêssânsestyl en is hat allegoryën. It waard ûntwurpen en boud troch de bruorren Spijker, de lettere autofabrikant.

De koets is in berline op acht fearren. Allinnich as it steatshaad de koets brûkt, mei e®lutsen wurde troch in achtspan. Yn oare gefallen wurde seis hynders brûkt. De koets is diels fergulde en fersierd mei allegoarysk lofwurk. It byldhouwurk komt út it Atelier Van den Bossche en Crevels, de ferskate panielskilderingen binne fan de hân fan Nicolaas van der Waay. It ynterieur is fan siden petit-point-nillewurk. Dat borduerwurk waard diels dien troch famkes út weeshuzen. Oan beide kanten fan de staasjebok is it nasjonale rykswapen opnomd. De bok sels is beklaaid mei read lekken. De fjouwer tsjillen fan de koets symbolisearje sinnen. Op de kroanlist fan de koets binne de wapens fan de destiidske alve provinsjes fan Nederlân te sjen, mei it wapen fan de stêd Amsterdam, de skinker fan de koets.

De Gouden Koets wie in geskink fan de befolking fan Amsterdam oan Keninginne Wilhelmina. It jild foar de koets wie ynsamle troch de Vereeniging van het Amsterdamsche Volk tot het Aanbieden van een Huldeblijk aan H.M. Koningin Wilhelmina. De koets wie bedoeld as geskink by har ynhuldiging as keninginne op 6 septimber 1898. Wilhelmina woe lykwols gjin geskinken ta gelegenheid fan har ynhuldiging oannimme en naam dêrom de koets in dei letter, op 7 septimber 1898, yn ûntfangst.

De keninginne woe graach stean kinne yn de koets, dêrfandinne de bûgde foarm fan de kroanlist.

Brûken fan de Gouden Koets[bewurkje seksje | edit source]

Prinsjesdag 2013, Koninklijke stoet op de terugweg na de troonrede. Z.M. de Koning en H.M. Koningin Máxima

Op harren houliksdei, 7 febrewaris 1901 yn De Haach, rieden keninginne Wilhelmina en prins Hendrik foar it earst yn de Gouden Koets. In moanne letter waard de koets yn Amsterdam brûkt by de yntocht fan it Keninklik pear. Sûnt 1903 makket it steatshaad yn de regel ien kear jiers gebrûk fan fan dit reau, en wol op Prinskesdei. Dêrfoar waard ek faak de glêzen koets brûkt. By de doop fan prinses Juliana yn 1909, het huwelijk van prinses Juliana en prins Bernhard in 1937, de doop fan prinses Beatrix yn 1938, it houlik fan prinses Beatrix en prins Claus yn 1966 en by it houlik fan prins Willem-Alexander en Máxima Zorreguieta yn 2002 waard de Gouden Koets ynsetten.

Oan beide kanten fan de koets rinne jouwer lakeien. Harren taak bestiet op it earste gesicht allinnich út it iepenjen en sluten fan it portier en it útklappen fan in trepke, mar by de brulloft fan Willem-Alexander en Máxima blykte dat se faker nedich binne. Der waard doe út it publyk wei en sekje wite ûnhuerichheid tsjin de koets kwakt en dat waard troch de lakeien fuortendaliks skjinmakke. Njonken de hynders rinne helpkoetsiers. Dy kinne yngripe as in hynder ûnrêstich wurdt.


Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Gold Coach en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: